Springe nei ynhâld

Burmaniastate (Stiens)

Ut Wikipedy
Burmaniastate, 1723

De Burmaniastate of Haijemastate wie in state yn Stiens, gemeente Ljouwerteradiel. De state stie noardwest deunby de tsjerke, op de hoeke fan it hjoeddeiske Smelbrêge en Lege Hearewei. Der is neat fan werom te finen.

Yn de midden fan de 16e iuw, om 1550, waard dizze state bewenne troch Hero fan Burmania. De belangrykste bewenner fan dizze state wie dy syn soan Upco (Oepke) fan Burmania, troud mei Rinsck fan Roorda út Tsjummearum. Hy wie ien fan de earste Fryske eallju dy't him iepentlik útspruts foar de Herfoarming en him tsjin it bewâld fan de Hartoch fan Alva kearden. Dêrom flechte hy nei Emden. Dêr stie hy bekend as ‘it lytse geuske’ dat er krige troch syn stal, de Fryske humor kennende sil hy grif in mânske keardel west hawwe. Hy wie de ienige fan syn staach dy't yn ballingskip nei Emden gien is. Syn heit Hero bleau yn Stiens wenjen as trou oanhinger fan it âlde gesach.

Trije soannen fan Upco wurde neamd as bewenner fan de state. Earst soe syn soan Jurjen op de state wenne hawwe en letter wurdt syn soan Hero fermelden. Dizze lêste sneuvele yn 1632 by it belis fan Maastricht. Syn frou Anna fan Eysinga wertroude mei ‘buorman’ Philips fan Boschhuysen dy't op Juckemastate wenne (sjoch ek: Juckema). Dy state stie wat ten noarden fan wat tsjintwurdich de Hege Hearewei hjit. Anna is by har trouwen ferfard nei de moaiere state fan har nije man, want ek de tredde soan fan Oepke en Anna, Sybrand fan Burmania, wurdt fermelde as eigener/bewenner.

Sybrand ferstoar yn 1639. Neffens it stimkohier fan 1640 wie it hûs yn dat jier eigendom fan “juffer Wick fan Ockinga”. Nei har kaam de state oan Watze fan Burmania. Ek dy wie militêr en kaam om op see yn 1691. Yn 1700 is de Burmaniastate eigendom fan “juffer Rins fan Burmania” en yn gebrûk by Palle Douwes. Letter is de state ferkocht en yn 1722 wie Frans Julius Johan fan Heringa fan Eysinga de eigener.
Net lang neidat Jacobus Stellingwerf yn 1723 in tekening fan it hûs makke hat is Burmaniastate ôfbrutsen. Yn 1757 waard noch adverteard mei de ferkeap fan swiere beammen: "Op het hornleger van het voormalige Burmania State". Dêrmei is dus it doek definityf fallen.

Allinnich troch in skets út 1723 fan de warbere ‘snapshot’-tekener Jacob Stellingwerf kin in byld krigen wurde fan Burmaniastate. It bestiet dan út in haadgebou fan mar ien hege ferdjipping dy't foar in part ûnderkeldere is. Yn de muorren binne krúsfinsters mei ûnder lûken en boppe glês-yn-lead oanbrocht. De hege kape hat allinnich oan de foarkant in tútgevel en op it dak steane twa skoarstiens, dy't derop wize dat de romte yn frij lytse salons ferdield west hawwe moat.
Yn it ferlingde fan it haadgebou, mar in bytsje út de as ferskood, is der in lytsere fleugel tsjinoan boud. In fleugel dy't grif it foarplein ôfgrinzet. Fan in dwerssteande fleugel is noch krekt de geveltop te sjen. De state is omgrêfte en de tagong ta it terrein is ôfsluten troch in poartegebou mei tútgevels.

Lettere pleats yn 1950
  • ± 1550 Hero fan Burmania
  • Upco fan Burmania
  • Jurjen fan Burmania
  • - 1632 Hero fan Burmania
  • 1632 - 1639 Sybrand fan Burmania
  • 1640 juffer Wick fan Ockinga
  • nei 1640 - 1691 Watze fan Burmania
  • ± 1700 juffer Rins fan Burmania
  • 1722 Frans Julius Johan fan Heringa fan Eysinga

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en stinzen yn Fryslân
  • Ronald Elward en Peter Karstkarel - Stinsen en States, adellijk wonen in Friesland
  • A. Algra - De Historie gaat door het eigen dorp
  • G. Abma - Ljouwerteradiel, 1984
  • J.A. Mol en P.N. Noomen - Prekadastrale atlas fan Fryslân, 2002