Springe nei ynhâld

Gerryt fan Camminga

Ut Wikipedy

Gerryt fan Cammingha (ek wol Gerrit, Gerrolt of Gerraut) (berne ± 1340) wie in neikommeling út in Frysk aadlik laach. Hy hearde ta de Fetkeapers en hat twa kear troud west. De earste kear mei syn folle nicht Hack. By har hat er twa soannen en ien dochter krigen. Alle trije binne sûnder bern ferstoarn. Nei it ferstjerren fan syn frou troude er mei Tjemck. Ut dit houlik kaam syn soan Piter fan Cammingha.

Cammingha en Albrecht fan Beieren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de fijânskip tusken de Skieringers en Fetkeapers op 18 augustus 1397 opnij ta geweld late by Menaam ferlearen de Fetkeapers. Doe't dy swakker wurden wiene, sochten se steun by de greve Albrecht fan Beieren. Albrecht seach dêr in kâns yn om syn ynfloed yn Fryslân te fergrutsjen en hapte ta. Op 29 augustus waard de oerienkomst troch Albrecht fan Beieren en Gerrit fan Cammingha út namme fan de Fetkeapers besegele. Mei help fan Cammingha slagge it Albrecht fan Beieren de Skieringers derûnder te krijen. Fan Beieren, dy't no in soad ynfloed útoefene yn Fryslân, joech syn krekt krigen macht net op en boude ferskate stinzen om syn macht te konsolidearjen.

Foar Fan Cammingha lei syn oerienkomst mei de Hollanners gjin wynaaien. Foar syn steun waard er troch de greve ta baljuw beneamd en yn de ridderstân ferheft. Dêrneist waard der foar him in tún oanlein dy't 20 Hollânske gûnen koste hie.

De Friezen, noch altiten wend oan de ferneamde Fryske Frijheid moasten net folle ha fan de frjemde oerhearsking. Fan 1399 ôf ûntstie der wapene ferset tsjin de greve en Cammingha. Direkte oarsaak wie it ferdrach dat Cammingha op 27 maart yn De Haach sluten hie. Dêr wiene de krekte bepalingen yn opsteld dêr't Fan Beieren syn ynfloed op rjochtfeardige. De Skieringers hiene genôch fan de Hollanners en sochten help by de stêd Grins. Doe't de greve hjirfan hearde stjoerde er fuortdaliks syn beide soannen, Willem VI fan Hollân en Jan fan Beieren nei Fryslân om de boel yn de stringen te hâlden. It leger lâne by Starum, mar al gau gie it wer oan board en waard útwykt nei Seisbierrum.

Ferrie fan Fan Cammingha

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hollânske leger soe yn Seisbierrum de nacht trochbringe om de oare deis nei Holwert fierder te gean. De Friezen sieten lykwols net stil, en hiene in leger foarme. It plan wie om de Hollanners yn de nacht te oerfallen. It soe har ek slagge wêze, as Gerrit fan Cammingha net it Hollânske leger warskôge hie troch harren oandacht te lûken mei grutte fjurren. Doe't de Friezen oanfoelen hiene de Hollanners har taret. Yn in kreaze slachoarder waard it Fryske leger opwachte en swier ferslein. Nettsjinsteande de onversaechden moede fan de Friezen waarden se gedoot ende geslagen.

Fan Cammingha hie dúdlik makke dat syn sympaty by de Hollânske Greve lei. Dy wie dêr tige erkentlik foar. Op 18 july 1399 waard er troch Albrecht om menighen trouwen dienst dien hij bewezen had ende noch oft God wil doen sal leanne. Hy krige sizzenskip oer de stêd Ljouwert mei dêrby de doarpen Wurdum, Stiens en Ferwert mei alle hearlikheden, fiskrjochten, brêgen, iepensteande boetes ensfh. dy't derby hearden. Yn ruil dêrfoar moast Cammingha wol belove altiten op eigen kosten 20 ruters te ûnderhâlden dy't Albrecht fan Beieren op alle tiden bystean koene yn in bûtenlânske oarloch.

Doe't yn 1400 de fijanlikheden tusken de Skieringers en de Fetkeapers wer oplôgen, wie Cammingha yn Starum dat er út namme de Hollanners tsjin de Friezen holp te beskermjen. Doe't der gjin help út Hollân kaam, wie er ien fan de earsten dy't út Fryslân wei nei Hollân flechte. In soad Fetkeapers soene syn foarbyld folgje. Dêr krige er foar syn ûnderhâld 200 Hollânske gûnen fan de greve. Doe't yn oktober 1401 in bestân tekene waard, koe er weromgean nei Fryslân. Neffens guon geskriften soe er sels yn 1445 noch libbe hawwe, wat betsjutte soe dat er105 jier âld wurden is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Meijer,A.- Fryske folksalmenak foar it skrikkeljier 1888 (Ljouwert 1888)