Stienhústermûne

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Stienhústermûne yn 2009

De Stienhústermûne (Nederlânsk: Steenhuistermolen) is in poldermole en ryksmonumint tichtby Stiens yn de gemeente Ljouwerteradiel. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, reiddekt en in flecht fan 15,00 m.

De Stienhústermûne is in mealreeë grûnsiler dy't ûngefear trije kilometer ten easten fan Stiens stiet. Hy waard yn 1880 boud foar it bemeallen fan de Stienhústerpolder. Neidat de mûne yn 1952 troch in stoarm beskeadige wie, waard oerweage om him te ferfangen troch in wynmotor, mar dit plan waard wer oan de kant skood. Yn 1962 bruts ien fan de roeden, wat yn 1967 wersteld waard. Twa jier letter ferlear de Stienhústermûne syn funksje, trochdat meganysk bemeallen ynfierd waard. Yn 1985 waard hy eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. De mûne, dy't yn 2000 foar it lêst restaurearre waard, is op ôfspraak te besichtigjen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]