Jikke van de Waal-Bijma
Jikke van de Waal-Bijma (Stiens, 12 april 1952) is in byldzjend keramiste en leararesse út Wynjewâld. Se folge de learare-oplieding Hannewurk yn de stêd Grins.
Hja wurket ûnder it motto:
Neat en nimmen is folmakke,
Krekt it ûnfolmakke
Jout in folmakke byld fan de minsk
De mins yn al syn ferskiningsfoarmen sit bytiden finzen yn himsels en siket om nije foarmen yn it kontakt mei de wrâld om him hinne. De yndividuele mins siket om lykwicht yn in groep of in oare kultuer mar bliuwt kwetsber yn de ferbining mei oaren. De kommunikaasje giet faak troch hâlding en gebeart. Van de Waal-Bijma makket har bylden yn klaai en yn brûns. De iene kear figuratyf, in oare kear abstrakt.
Nei in útnûging foar de Biennnale yn Florâns wûn se in 5e priis yn de kategory skulptueren/ynstallaasjes. Yn april/maaie hat hja in eksposysje yn Goutum, mei leararen fan de Klassike Akademy Grins)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |