Douwe Mattheus Hoogeveen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Dr. Douwe Mattheus Hoogeveen (Stiens, 4 maart 1891 - De Bilt, 17 oktober 1976)[1] wie klassikus en keunstkilder fan Stiens.

Hy wie de soan fan it skoalhaad M.B. Hoogeveen yn Stiens dy’t bekend waard troch de sels ûntwurpen lêsmetoade op basis fan it lêsplankje ('aap, noot, mies..'). Wie troud mei Neeltje Boelstra (1902-1983)). It span Hoogeveen-Boelstra wenne yn Haarlim. Ut de neilittenskip fan har âlden krigen se “de Botermijn”. Se ferpachten de pleats, mar de opkeamer waard troch it echtpear brûkt as fakânsjeferbliuw. Foar de meier waard doe in nije wenkeamer yn de pleats makke. Hoogeveen studearre klassike talen mar rjochte him letter mear op de skilderkeunst. In tal fan syn wurken is yn besit fan de Boelstra-Olivierstichting. De stichting hat as doel it stypjen fan aktiviteiten op it mêd fan kultuer en landbou yn de romste sin. By it ferlienen fan steun hawwe aktiviteiten yn Ljouwerteradiel en yn Stiens en Jelsum yn it bysûnder in pree. Mar de doelstellings litte ek steun oan aktiviteiten bûten Ljouwerteradiel en Fryslân ta.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dirk Hoogeveen en Jan Arie van Hengel: Genealogy Hoogeveen