Springe nei ynhâld

Lêsplankje

Ut Wikipedy

In lêsplankje is in helpmiddel by it lêzen learen dat bestiet út in plankje mei ien of mear richels dêr't de letters fan it wurd dat boppe de richel ôfbylde is, lein wurde kinne. It slút oan by de ± 1800 yntrodusearre klankmetoade dêr't bern de letters efter elkoar útsprekke sa't se klinke moatte, dus aa-p, nn-oo-t, mm-ie-ss, en sa it wurd lêzen leare. It lêsplankje helpt dêrby mei't de learling de letters leit en sa it wurd ûntstean sjocht. De klankmetoade betsjutte in grutte foarútgong mei de oant dan brûkte staveringsmetoade, dêr't de learling in wurd staveret troch de letters op te lêzen sa't se hjitte, dus aa-pee foar aap, en-oo-tee foar noot en em-ie-es foar mies. In lêsplankje wurdt sa ûntwurpen dat de wurden op it plankje de belangrykste letters en klanken befette. Yn Nederlân is it Lêsplankje fan Hoogeveen, mei de wurden aap, noot, mies ensafuorthinne wol it bekendst.

Hoogeveen syn 2e ferzje fan syn lêsplankje


Dit lêsplankje is een houten plankje fan Nederlânske orizjine mei dêrop ôfbylden en dêrûnder it byhearrende wurd. Dêrûnder in smelle richel dêr't de bern de bypassende losse letters sette kinne. De earste ferzje fan dit lêsplankje waard betocht ± 1890 troch de haadûnderwizer M.B. Hoogeveen út Stiens (1863-1941). De plankjes en byhearrende lêsboekjes waarden útjûn neidat Hoogeveen yn 1894 skoalhaad wurden wie yn Dimter, troch de boekhannel en útjouwerij Brinkgreve dêre. Utgongspunt efter it lêsplankje fan Hoogeveen wie dat skoalbern learden wûnden te ûntleden yn klanken, mar ek learden dat troch it gearfoegjen fan klanken wurden makke wurde koenen.

De earste ferzje fan it lêsplankje dat Hoogeveen betocht - oars neffens Dútsk foarbyld - bestie út twa rigen mei yn totaal 15 'normaalwurden', dat binne wurden wêryn de lûden en bylûden harren ûnferoare klank hawwe: raam, roos, neef, fik, gat, wiel, deur, zes, juk, schop, voet, bok, bijl, ei, ui. Under mear omdat de klanken "uu" en "eu" misten, wie der al gau ferlet fan in opfolger.

In jier letter kaam de twadde ferzje út (sjoch yllustraasje). Dizze hie 16 wurden: raam, roos, neef, fik, gat, wiel, zes, juk, schop, voet, neus, muur, bijl, hok, duif, ei. Fan dizze ferzje waarden ûngefear 3000 plankjes makke. Mar de ferkeap stûke en in pear jier letter kocht de útjouwerij J.B. Wolters de rjochten enfrege oan Jan Ligthart en Rieks Scheepstra in nije rige lêsboekjes te skriuwen mei in nij lêsplankje. Ligthart betocht de skiednis en Scheepstra skreau de boekjes. Boekjes en plankje waarden doe troch Cornelis Jetses foarsjoen fan nije ôfbylden: aap, noot, mies, wim, zus, jet, teun, vuur, gijs, lam, kees, bok, weide, does, hok, duif, schapen, om didaktsyke redenen skreaun as:

Let op de o mei punt in bok, fanwege de koartere útspraak fan de o yn bok as yn hok, de oerstreke lange a in schapen en de beide stomme e's en ferbiningsstreekjes yn weide en schapen.

De byhearrende ûnderwiismetoade bleau troch Hoogeveen sels skreaun en wersjoen wurden. Yn 1909 ferskynde doe it Hoogeveen's ferbettere lêsplankje op in houten boerd fan 105 by 93,5 sm om foar de klasse setten te wurden, en yn in lytsere ferzje (fan 30 by 22,5 sm) foar de learlingen ôfsûnderlik.

Om dizze tiid hinnen ek in tal farianten fan it Lêsplankje fan Hoogeveen. De meast opmerklike (dy begûn mei de wurden geit, zeep, does, ... ) waard ûntwikkele troch J.H. Colenbrander, dy't op deselde skoalle wurke as Hoogeveen. Op Colenbrander kaam in soad krityk, omdatsyn lêsplankje tefolle op dat fan Hoogeveen lykje soe. Se hawwe tegearre op de kweekskoalle yn Dimter sitten en it fermoeden bestiet, dat dêr al sa'n plankje ûntwikkele wie. Yn 1905 ferskynde der ek in ferzje spesjaal foar katolike skoallen: aap, roos, zeef, muur, voet, neus, lam, gijs, riem, muis, ei, juk, jet, wip, does, hok, bok, kous. It waard útjûn troch it roomsk-katholyk Jongensweeshûs yn Tilburg en wie gearstald troch frater Euthymius Becker.

It "Yndyske lêsplankje" bestie út: jaap, gijs, dien, zus, boe (foar baboe), oom, waf, vuur, rook, tol, zeil, de neus, huis en schip.

Begjin jierren '30 folge in net lytse modernisearring fan it ferbettere lêsplankje fan Hoogeveen. Cornelis Jetses moast alle plaatsjes oan dy tiid oanpasse. Op de byhearrende wandplaat (dy't mei in oanbûne aap yn de dakgoate wienen dan ek in auto en in fytser te sjen. Oma waard ferfongen troch in boerinne, Wim is syn petsje kwytrekke en de bok sjocht de oare kant op.

It lêsplankje fan keninginne Juliana

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit is it moai útfierde lêsplankje dêr't keninginne Juliana as bern mei lêzen learde. Jetses, de makker, wie fergolle mei dy opdracht. Haadûnderwizer M.B. Hoogeveen, dy't it systeem fan it lêsplankje ûntwurpen hie, soe tegearre mei Jetses nei it paleis yn Soestdyk gean om it wurkstik oan keninginne Wilhelmina oan te bieden. Tsjin de 6ofspraak yn gie Hoogeveen allinnich, dit ta teloarstelling fan Jetses.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: