Berend Nauta
Berend Nauta | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 13 augustus 1906 | |
berteplak | Bitgummole | |
stjerdatum | 15 novimber 1988 | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | PvdA | |
Boargemaster fan Wedde | ||
amtsperioade | 1946-1952 | |
foargonger | Hendrik Waalkens jr. | |
opfolger | Theun Zwart | |
Boargemaster fan Harns | ||
amtsperioade | 1951- 1971 | |
foargonger | Anthonij Engelbert Hannema | |
opfolger | Hans de Haan | |
waarnimmend Boargemaster fan Giteren en Wanneperveen | ||
amtsperioade | 1972-1973 | |
foargonger | Cornelis van der Wolf |
Berend Nauta (Bitgummole, 13 augustus 1906 — 15 novimber 1988) wie in Nederlânske boargemaster fan de PvdA.
Hy waard berne yn de Fryske gemeente Menameradiel as soan fan Albertus Nauta (skipper) en Trijntje de Vries. Hy die de jûns-hbs en gie de hannel yn mei in ûnderbrekking ûnder it neikommen fan syn tsjinstplicht. Hy brocht it ta direkteur fan it Grinzer filiaal fan de Noord-Nederlandse Coöperatieve Eierhandel (NNC). By de mobilisaasje yn 1939 waard er as sersjant oproppen en doe't er nei de kapitulaasje yn maaie 1940 weromkaam wie it bedriuw kapot.
Yn augustus 1940 waard er de sekretaris fan it gewest Grinslân fan de Nederlandsche Unie dy't ein 1941 troch de Dútsers ferbean waard. Yn maaie 1942 waard er oppakt en, lykas oaren út de top fan de Nederlânske Uny, as gizelder ynternearre yn Kamp Sint-Michielsgestel. Oardel jier letter waard er as kriichsfinzene yn de omkriten fan Maagdenburg opsletten. Begjin maaie 1945 waard er dêr troch de Russen befrijd. Dêrnei gied er oant wurk by de seksje foarljochting fan it Militêr Gezach yn Appingedam en yn oktober 1945 waard er haad fan de Regeeringsvoorlichtingsdienst (RVD) foar de distrikten Grinslân-Drinte.
Desimber 1946 waard Nauta baorgemaster fan Wedde en yn 1952 folge sun beneaming ta boargemaster fan Harns dêr't er A.E. Hannema opfolge. Dat amt ferfolde er oant syn pinsjoen yn septimber 1971. Dêrnei wie Nauta noch hast in jier waarnimmend boargemaster fan Giethoorn en Wanneperveen.
Nauta stoar yn 1988 yn de âlderdom fan 82 jier.