Tsjerke fan Spannum
De Tsjerke fan Spannum is in tsjerke yn Spannum yn Fryslân.
De tsjerke wie oarspronklik wijd oan Sint-Remigius. De sealtsjerke mei sealdaktoer komt út de 15e iuw. Yn de toer fan trije geledings hingje twa klokken: klok út 1590 fan Thomas Both en in klok út 1620 fan Hans Falck.
Neffens in gevelstien mei it famyljewapen fan Edzard fan Sminia, grytman fan Hinnaarderadiel, waard de toer yn 1742 fernijd:
- In 't jaar 1742 is deze Toren
- vernieuwd en verbetert onder
- de Ed: Heer EDZARD van SMINIA,
- Grietman over Hennaarderadeel
- en Gentuis Hesselius Predikant te
- Edens en Spannum de Kerkv[oogden] Jan
- Leenerds & Frans Baukes
De tsjerke is in ryksmonumint. It oargel út 1911 is makke troch Bakker & Timmenga.