Nikolaastsjerke (Hijum)

Ut Wikipedy
Sint-Nikolaastsjerke
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Hijum
adres Lege Hearewei 3
koördinaten 53° 17'N 5° 46'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24531
Kaart
Nikolaastsjerke (Fryslân)
Nikolaastsjerke

De Nikolaastsjerke is in tsjerkegebou oan de Lege Hearewei yn Hijum

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke yn 1723
Jacobus Stellingwerff

De tsjerke wie oarspronklik wijd oan Sint Nikolaas. De romaanske dowestiennen tsjerke út de 12e iuw stiet op in terp, dy't op it tsjerkhôf nei hielendal ôfgroeven is.

De ienbeukige tsjerke hat in ynboude sealtektoer yn de foarm fan in redusearre westwurk. Yn de toer hinget in klok fan Petrus Overney (1670). It skip hat in mei rûnbôgefriezen ôfsluten sparfjilden tusken de lisenen. Yn de 15e iuw waard it koer fernijd.

De tsjerke is in ryksmonumint en is sûnt 1975 eigendom fan Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preekstoel datearret mei it doopstek út de 17e iuw.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel datearret út 1913 en waard boud troch de firma Bakker & Timmenga.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel Preekstoel' Oerwurk

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: