De Karmel (Wâldsein)

Ut Wikipedy
De Karmel
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Wâldsein
adres Ald Tsjerkhof 2
koördinaten 52° 56'N 5° 37'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1837
boustyl Neoklassisistysk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39824 [1]
Webside
PKN Wâldsein
Kaart
De Karmel (Fryslân)
De Karmel

De Karmel is tsjerkegebou fan de PKN yn Wâldsein yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Wâldsein wie yn de perioade 1337-1580 in karmeliterkleaster fêstige. Yn 1660 waard de kleastertsjerke ferfongen. De soan fan grytman Sjuck van Welderen baron Rengers lei op 31 maaie 1837 de earste stien foar de wettersteatstsjerke. De neoklassisistyske krústsjerke is boud neffens it ûntwerp fan A.D. Duif út Balk. De tsjerke is sûnt 1971 in ryksmonumint.

De foargevel hat in middenrisalyt mei Doaryske pylders en in houten boppebou mei in lantearne. De kleuren binne wyt en swart.

De herfoarmen en grifformearden fan Wâldsein en omkriten namen yn 1998 nei in 10 jier lang proses fan 'Samen-op-Weg' it beslút om te fusearjen. Besletten waard om de grifformearde tsjerke te ferkeapjen en de Karmel tenei as tsjerke oan te hâlden. Op snein 22 novimber 1998 fûn de lêste tsjerketsjinst yn de grifformearde tsjerke plak.

Yn 2008 waard de ynrjochting fan de tsjerke restaurearre. By de restauraasje waarden de âlde banken ferwidere en ferfongen troch stuollen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel út 1938 is boud troch Bakker & Timmenga. By de bou waarden de oargelkas, it front en de blaasbalgen fan de foargonger oernommen, dy't yn 1839 boud wie troch J.C. Scheuer út Swol. By de restauraasje fan de tsjerke yn 2008 waard de wyt farve oargelkas yn de oarspronklike mahoanykleur werom brocht. It slagge de oargelkommisje dêrnei om ek genôch jild yn te sammeljen foar in restauraasje fan it ynstrumint yn 2017 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert.[2] It ynstrumint hat 18 registers ferdield oer haadwurk, boppewurk en pedaal.

Ynterieur (1966)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4