Gouderak

Ut Wikipedy
Lizzing Goudedrak
Oansjen op Gouderak fan de Isel ôf
Pontsje nei Moordrecht oan de oare kant fan de Hollânske Isel

Gouderak is in doarpke mei sa'n 2600 ynwenners (2019) yn de gemeente Ouderkerk yn Súd-Hollân. It leit oan de Hollânske Isel en grinzet oan Gouda, Moordrecht, Achterbroek en Lageweg.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gouderak is ien fan de jongste rivierdoarpen yn de Krimpenerwaard. Yn it jier 1274 komt men foar it earste de namme 'Gouderak' tsjin. In rak is in rjocht stik farwetter tusken twa bochten. Mear as in heale iuw letter fine we Gouderak werom as 'ambachtsheerlijkheid'. It foarnaamste rjocht fan dizze hearlikheid wie it hâlden fan rjochtspraak. It rjochthûs siet yn it meast eastlike diel fan Gouderak, Stolwikerslûs (sûnt 1963 fallend ûnder de gemeente Gouda). Yn de 15e iuw begjint de feehâlderij him as middel fan bestean te ûntwikkeljen. Twa iuwen letter giet de yndustry yn de foarm fan touslaggerijen en stienbakkerijen in grut plak ynnimmen. Dêrneist binne der in reidmatterij en skipswerven. Hoe lyts Gouderak west hat is te lêzen yn in âlde opjefte fan de boargerlike stân. Dêryn stiet dat der yn it doarp net mear as ± 50 huzen stienen. Yn 1632 wienen dit der ûngefear 70 mei in ynwennertal fan 400.

Begjin jierren tachtich krige Gouderak ynternasjonale bekendheid troch in grutte gifaffêre. In wyk mei hast hûndert wenten bliek sterk fersmoarge troch gemysk ôffal dat ein jierren fyftich yn in ûndjip stik fan de rivier (in 'zelling') starten wie en wêr't dêrnei in wenwyk, de Zellingwyk, boud wie. De wenningen moasten ôfbrutsen wurde. No, hast fiifentweintich jier letter, wurdt it gebiet saneard en wurde der nije huzen boud dy't yn 2010 klear wêze moatte.

Oant 1 jannewaris 1985 wie Gouderak in selsstannige gemeente. By de gemeentlike weryndieling fan de Krimpenerwaard ûntstie de nije gemeente Ouderkerk, dêr't ek Ouderkerk aan den IJssel en de buorskippen Lageweg en IJssellaan ta hearre.

Oant en mei 31 desimber 2014 wie Gouderak part fan de gemeente Ouderkerk. Op 1 jannewaris 2015 gie it plak en de gemeente op yn de fúzjegemeente Krimpenerwaard.