Springe nei ynhâld

Jehannestsjerke (Feanwâlden)

Ut Wikipedy
Jehannestsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Feanwâlden
adres Haadstrjitte 6
koördinaten 53° 14' N 5° 59' E
Arsjitektuer
boujier 1648
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11701
Webside
Side fan de gemeente
Kaart
Jehannestsjerke (Fryslân)
Jehannestsjerke

De Jehannestsjerke is ien fan de twa tsjerken fan de Protestanske Tsjerke fan Feanwâlden en Feanwâldsterwâl. De oare tsjerke is de eardere grifformearde Swettetsjerke. De Jehannestsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel en preekstoel

De tsjintwurdige Jehannestsjerke stiet op it plak fan de midsiuwske tsjerke fan Jehanneswâld. Oan de ankers oan de muorre fan de sealtektoer is op te meitsjen dat de sealtsjerke yn 1648 foar it earst brûkt waard. Feanwâlden ûntstie troch de gearfoeging fan de doarpen Eslawâld en Jehanneswâld. Beide doarpen wiene tsjerkedoarpken, mar wylst fan de tsjerke fan Jehanneswâld fierder net in soad bekend is, waard it âlde tsjerkhôf fan Eslawâld westlik fan it hjoeddeiske Feanwâlden noch oant de 19e iuw brûkt. [1]

De tsjerke waard yn 2004 restaurearre. Sûnt wurdt de eardere herfoarme tsjerke "Jehannestsjerke" neamd.[2]

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preekstoel en it doopfont binne 17e iuwsk. Twa kroanluchters datearje út de 18e iuw, wylst de fjouwer tekstbuorden 17e iuwsk binne.[3]

Yn de toer hinget in klok fan J. Crans út 1715.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ienmanualige oargel waard yn 1890 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: