Bonifatiustsjerke (Damwâld)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sint-Bonifatiustsjerke
De romaanske sparnissen en finsters ûnder de daksrâne

De Bonifatiustsjerke is in romaanske tsjerke yn Damwâld.

It doarp Damwâld hat twa oarspronklik romaanske tsjerken, de Sint-Bonifatiustsjerke yn it eardere Moarrewâld en de Sint-Benediktustsjerke yn it eardere Dantumawâld. Beide doarpen waarden yn 1971, mei Ikkerwâld, gearfoefge ta it hjoeddeisk Damwâld.

De Bonifatiustsjerke waard ± 1200 boud en is ien fan de âldste Fryske tsjerken, dy't fan reade bakstien boud is. De bakstiennen muorren binne wer foar it ljocht komd nei de restauraasje yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw, doe't de plasterlaach fan de tsjerke der ôfhelle waard. De oarspronklike romaanske sparnissen, ôfwiksele mei lytse rûnbôgefinsters binne goed ûnder de daksrâne fan de sydmuorren te sjen. Oarspronklik hie de tsjerke in rûne koarôfsluting, dy't grif yn de 16e iuw weihelle is. De toer is hast tagelyk mei de tsjerke boud en is út de 13e iuw. Wol is it oarspronklike helmtek fan de toer letter ferfongen troch in sealtek. Yn de toermuorre binne romaanske ornaminten te werkenen.

Neffens it folksferhaal soene der yn de tsjerketoer fan de tsjerke stiennen bôlen fan Bonifatius ynmitesele wêze. Dy bôlen figurearje yn ferskate sêgen om de persoan fan Bonifatius, de hillige dêr't de tsjerke oan wijd is.[1]

It oargel út 1895 is fan Bakker & Timmenga. De tsjerke is in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karstkarel, Peter - Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589
  1. Meertens Ynstitút: Dokkum, H. Bonifatius