Grifformearde tsjerke (Damwâld)
Grifformearde Tsjerke "De Ontmoeting" | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Damwâld (Moarrewâld) | |
adres | Stasjonswei 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1907 | |
arsjitekt | Steen en Tuinhof | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
De Grifformearde tsjerke De Ontmoeting is ien fan de twa PKN-gemeenten yn Damwâld (Moarrewâld).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Ofskieding fan 1834 gyngen de Moarrewâldster grifformearden ynearsten nei Dokkum of Driesum nei tsjerke. It tal grifformearden yn Moarrewâld wie oan it begjin fan de jierren 1870 al sa grut, dat der in eigen gemeente stifte wurde koe. Nei't de gemeente ynearsten yn in skuorre by inoar kaam, lei de âlderling Berend E. de Vries yn 1873 de earste stien foar de (earste) grifformearde tsjerke. Dat wie oan de Tramwei, dêr't de gemeente fergees in stik grûn krige hie. Al op 21 augustus koe de tsjerke yn gebrûk nommen wurde.
Yn 1898 ûntstie der nei oanlieding fan it beroppen fan in dûmny trelit, dat ta in skuorring fan de gemeente late. In diel fan de gemeente stifte doe op 16 april 1900 de kristlike grifformearde gemeente. Letter, yn 1944, ferlieten op 'e nij in tal leden de grifformearde gemeente, dy't harren ferienigen yn de Grifformearde Tsjerke Artikel 31.
Om't de tsjerke oan de Tramwei dochs wat tefolle oan de doarpsrâne stie, naam de tsjerkeried 35 jier nei de bou fan de earste tsjerke it beslút om mear yn it sintrum fan it doarp oan de Foarwei op it tsjintwurdige plak in nije tsjerke te bouwen, dy't op 19 july 1907 iepene waard. It tal grifformearden woeks yn de rin fan de tiid fierder oan en de tsjerke moast yn 1934 wer fergrutte wurde.
Fanwegen de kosten fan it ûnderhâld en it oanhâldende gebrek oan genôch sitplakken fan de tsjerke waard der yn 1967 keazen foar in tredde nijbou. Foar salang't de bou duorre tsjerkten de grifformearden yn it doarpshûs De Mounetille.[1] De tsjerke krige nei in priisfraach de namme "De Ontmoeting" en alhoewol't de gemeente tsjintwurdich by de PKN heart, wurdt de gemeente mei respekt oan it ferline ek hjoeddedei noch jimmeroan as "Grifformearde tsjerke Damwâld" oantsjut[2].
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard troch de firma Pels & van Leeuwen út Alkmar boud en datearret fan 1968. De Kamper oargelfirma Kaat & Tijhuis boude yn 1985 noch in tal ûntbrekkende registers yn.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|