Springe nei ynhâld

Roanerwâlde

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Roderwolde)
Roanerwâlde

Roderwolde

Bestjoer
Lân Nederlân
gprovinsje Drinte
gemeente Noardenfjild
Sifers
Ynwennertal 335 (2020)
Oar
Postkoade 9315
Koördinaten 53° 10' 6" N 6° 28' 11" E

Roanerwâlde, offisjeel: Roderwolde (Drintsk: Rowôl), is in doarp yn de provinsje Drinte, fallend ûnder de gemeente Noardenfjild.

Mei it oanbuorjende Sandebuer hat it sa'n 500 ynwenners, wêrfan it meastepart forins is.

Meidat it doarp gjin grutte trochgeande diken hat is het alâlde lanlike karakter foar in grut part behâlden bleaun. Roanerwâlde leit oan de âlde ferbiningswei fan Roan nei de stêd Grins. Troch de oanlis fan de nije wei tusken Peize en Grins oan de ein fan de njoggenetjinde iuw ferlear Roanerwâlde dizze funksje.
In bysûnder skaaimerk fan Roanerwâlde is dat it doarp yn de ôfrûne iuwen ferhuze is. Soks is te sjen oan it plak fan it hôf dat hast in kilometer bûten it doarp leit. De tsjerke dy't der midden yn stie, is fersetten nei in nije sintrum fan Roanerwâlde. Op âlde kaarten is te sjen dat it dorp ea om dit begraafplak lei.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oalje- en nôtmûne Woldzigt
De Wikipedy hat ek in side Woldzigt (Roanerwâlde).

Blikfanger yn it doarp is de grutte wynmûne Woldzigt út 1852 dy't noch geregeldwei yn it wurk stiet. Unyk oan dizze mûne is wol dat er foar it mealen fan nôt brûkt wurde kin mar ek foar it slaan fan oalje. Der is ek faak wat te rêden yn de mûne.

De Wikipedy hat ek in side Jakobstsjerke (Roanerwâlde).

De lytse wite Jabikstsjerke waard boud yn 1831. It âlde tolfde-iuwske tsjerkje by Sandebuer waard doe ôfbrutsen. Foar de bou fan it spitske waarden eartiids de stiennen fan de midsiuwske tsjerke brûkt. Fan it âlde tsjerkegebou binne allinnich noch it sânstienen doopfont út 1560, de tsjerkeklok út 1634 en de tsjerkebeker út 1651 bewarre bleaun.

Sicht op haven mei mûne yn maart 2007

It haventsje fan Roanerwâlde waard op freed 19 maaie 2006 ûnder barre waarsomstannichheden weriepene. Foar de opkomst fan transport oer de dyk wie dit haventsje, en dêrmei de farferbining oer it Peizerdjip fan libbensbelang foar it doarp. Sa waarden benei alle produkten foar en fan de mûne Woldzigt troch it beurtskipperslaach Belga oer it wetter fefierd. Nei de oanlis fan in ferhurde wei nei Grins yn 1934 ferruile Belga de skippen foar frachtweinen. De haven rekke mear en mear yn ûnbrûk en waard úteinlik yn 1964 tichtsmiten. Op it frijkommende stik grûn boude transportbedriuw Belga in loads. Nei't de loads yn 1999 ôfbaarnde, ferhûze Belga syn bedriuw nei Roan. Al gau gienen stimmen op om it haventsje wer yn eare te werstellen. Op ynisjatyf fan Doarpsbelang waard in wurkgroep ynsteld en mei ûnderstipe fan de Brede Oerlisgroep Lytse Doarpen waard de rekonstruksje ûndersocht en taret.

Nei ferwachting sil it haventsje nije ympulsen biede foar toerisme. Bykommend foardiel is de betsjutting as bluswetterfoarsjenning foar in brângefoelich objekt as de tichtbysteande mûne.

Dit natoergebiet leit súdlik fan it doarp en is ien fan de pear restanten fan it Drintske Wâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeentlike side oer Roanerwâlde


Noardenfjild
Doarpen:
RoanAltenaFeanhuzenIenLangeloLeutingewoldeLieverenNietapNij-RoanNoarchPeestPeizePeizermadeRoaneriesRoanerwâldeSteenbergenWesterveldeZuidvelde
Buorskippen:
Allardseach (foar in part)AlteveerAmerikaBoerlaanIen-WestDe StreekFoxwoldeHuis ter HeideKlunderveenMatslootNorgerfeart (foar in part)Oostindië (foar in part)PeizerwoldDe PolSandebuurTerheijl
· · Berjocht bewurkje