Jakobstsjerke (Roanerwâlde)
Jakobstsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Drinte | |
gemeente | Noardenfjild | |
adres | Haadstrjitte 25 9315 PA Roanerwâlde | |
koördinaten | 53° 10' N 6° 28' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1831 | |
boustyl | neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 32543 | |
Webside | ||
PKN Roan-Roanerwâlde | ||
Kaart | ||
De Jakobstsjerke (ek: Jabikstsjerke, Nederlânsk: Jacobskerk) is in yn 1831 boude sealtsjerke in it Drintske doarp Roanerwâlde. De tsjerke is in gebou fan 'e PKN-gemeente Roan-Roanerwâlde en sûnt 1965 in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Jakobstsjerke fan Roanerwâlde waard yn 1831 boud en ferfong doe de âlde tsjerke, dy't oan de Pastoryleane stien hat op it plak fan it noch besteande tsjerkhôf. Oarspronklik lei it sintrum fan it doarp dêr. Yn 'e rin fan 'e tiid ferskode de bebouwing nei it suden om't de grûn ynklonk en it grûnwetter swierrichheden joech.
By de bou fan 'e hjoeddeiske neoklassistyske tsjerke waard it ôfbraakmaterjaal fan 'e âlde tsjerke op 'e nij brûkt.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut de âlde tsjerke is noch it 15e-iuwske sânstiennen doopfont ôfkomstich. Ek de yn 1634 troch Nicolas Sickmans getten liedklok hat yn 'e toer fan 'e âlde tsjerke hongen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bakker & Timmenga boude yn 1911 it oargel, in ienmanualich ynstrumint mei acht registers en in oanhongen pedaal. Yn 2002-2003 restaurearre Mense Ruiter it oargel. It ynstrumint is sûnder feroarings bewarre bleaun.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|