Woldzigt (Roanerwâlde)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Woldzigt
Nôt- en Oaljemûne 'Woldzigt', Roanerwâlde.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Drenthe.svg Drinte
plak Roanerwâlde
adres Haadstrjitte 58
bysûnderheden
type bouwurk Nôt- en oaljemûne
boujier 1852
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 32541 (mûne) [1]
32542 (ûnderbou) [2]
webside www.woldzigt-roderwolde.nl

Woldzigt is in nôt- en oaljemûne yn it Drintske doarp Roanerwâlde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de gevelstien oan it gebou is Woldzigt yn opdracht fan de lânbouwers S.J. Datema en E.F. Aukema as nôt- en oaljemûne boud yn 1852. Yn it noarden en it easten fan ús lân wiene de oaljemûnen in kominearre bedriuw. Der waard allinne fan septimber oant maaie oaljeslein, yn maaie gong it fee it lân wer yn en dan wiene de lynkoeken net mear nedich. Nei't yn 1941 it oaljeslaan ophold, wurke de mûne oant 1951 noch regelmjittich as nôtmûne troch.

Yn de rin fan de tiid ferwiksele de mûne fan eigner. Yn 1959 waard de mûne restaurearre en op 3 desimber yn itselde jier wer feestlik yn gebrûk nommen. De doedestiidske gemeente Roan naam yn 1970 de mûne oer en in nije restauraasje folge, net allinne fan de mûne, mar ek fan de hiele ûnderbou. De yn 1998 stifte gemeente Noardenfjild droech de mûne yn 2016 tegearre mei De Hoop út Noarch en de Paiser Meul fan Peize oer oan it Drintske Gea.

It brede front fan de mûne tsjinne eartiids as wennings foar de mûnder en arbeiders. Sûnt 1974 is yn de lofter fleugel it Nederlands Graansmuseum ûnderbrocht.

De mûne is regelmjittich yn bedriuw en in groep frijwilligers organisearret regelmjittich eveneminten yn en om de mûne.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mûne stiet op in mitsele ûnderbou fan 37 meter breed. Noch ûnder stelling giet de mûne fan in fjouwerkant oer op in achtkant. De mûne hat in skoft selsswichting hân, mar nei de restauraasje fan de jierren 1970 krige de mûne wer seilroeden. De mûne is mealfeardich en der wurdt regelmjitting oalje slein.

Foar de mûne oer leit oan de oare kant fan de wei in haventsje, dat yn 2007 rekonstruearre is. It lynsied waard út Grins oanfierd en de lynoalje foar de farve- en sjippeyndustry yn de stêd fûn oer it wetter plak.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: