Oerlis:Koartehimmen
Lângoed Steenbergen
[boarne bewurkje]Der wurdt yn it lemma oer Koartehimmen al in hiel skoft frege om in boarne oer it lângoed Steenbergen. Ek by it Nederlânsktalige lemma is oant no ta om 'e nocht om boarnen frege (ik tink trouwens dat it Fryske lemma dêrfan in oersetting is). Wol koe ik wat fan in busûndernimming fine, mar dy ynformaasje is streekrjocht fan Wikipedia helle. Ik ha dêrom fierder ynternet ôfpluze, mar der is fierder neat oer in lângoed Steenbergen te finen. Ek yn 'e ynhâldsopjefte fan it boek Geschiedenis van Smallingerland (Van Schaik en Spahr van der Hoek) ûntbrekt it lângoed, wylst dêr wol wat stean moatten hie as dat lângoed der ea west hat. Yn 1718 stiet op in Schotanuskaart 'Steenbuir' (Steenbuurt). Yn 1664 wie it 'Steenb.' (mooglik Steenbuyren > Stienbuorren; sjoch https://www.molendatabase.org/molendb.php?step=details&nummer=7951). Der stie doe in standermûne. Op de Eekhoff-kaart stiet dan healwei de 19e iuw de namme Steenbergen: https://www.frieslandopdekaart.nl/kaarten/zoeken/?zoeken_op_plaats=482&zoeken_op_periode=&zoeken_op_text=. Doe miskien ferkeard oernommen? Hoe dan ek, in lângoed hat in skiednis. Neffens it lemma waard it bûten fan it lângoed begjin 20e iuw ôfbrutsen. Dat is gjin iuwen lyn. Ek doarpsskriuwer Jochum Hoekstra neamt mei gjin wurd it lângoed op de doarpsside fan Koartehimmen, wylst yn sa'n lytse mienskip sa'n lângoed in grutte rol yn 'e doarpsskiednis spile hawwe moat. Ik ha dêrom hiele grutte twifels oer de tekst en stel foar om de ynformaasje oer it lângoed hielendal te ferwiderjen. De ynformaasje oer it bosk kin fansels gewoan stean bliuwe. RomkeHoekstra (oerlis) 30 mai 2023, 13.07 (CEST)
- By sokke grutte twifel bin ik foarstanner fan fuortheljen.
- en dan daalks ek de Bron? berjocht op de NL wikipedy oanpasse yn in Twijfel-gedeelte berjocht mei boppesteande útlis op de oerlis side. FreyaSport (oerlis) 30 mai 2023, 13.52 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Jo hawwe der blykber goed genôch om socht. Ik haw wurdearring foar de tiid en muoite dy't jo dêr yn stekke (trouwens net allinne wat dit oangiet, mar foar alle doarpssiden dy't jo ûnder hannen nimme). Ik bin it iens mei jo riddenearring. Helje mar fuort. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 mai 2023, 14.03 (CEST)
- Ja, as der neat oer te finen is dan kin it better fuort. Sa't it skynt hat Swarte Kees it hjir taheakke. Wêr't hy it wei hie, mei Joast witte. Kneppelfreed (oerlis) 30 mai 2023, 17.48 (CEST)
- Ik ha it weihelle. Kneppelfreed: Ik tink dat Swarte Kees it gewoan fan it Nederlânske stik oernommen hat want dêr stiet itselde. Ieneach fan 'e Esk: Tanke foar jo aardige wurden. --RomkeHoekstra (oerlis) 30 mai 2023, 20.50 (CEST)
- @RomkeHoekstra, okee, dus dan wêr't nl it wie hat is de fraach dus. We moatte wolris omtinke om net samar dingen út de Nederlânske lemma oer Fryske plakken oer te nimmen sûnder nei te checken. Ik rûn dêr hjir tsjinoan. It giet da benammen oer de skiednis/namme-komôf. Der is in meidogger dêre , Dagdeel, dy't no ûnder de namme DagneyGirl wurket, dy't it net sa heech op it Frysk stean hat, in soad siden oer Fryske plakken bedoarn. En ik fyn dat oer it algemien op nl it Frysk, Friezen en Fryslân somtiden wat delbêde wurdt, want se ferpoffe it de Fryske offisjele nammen te brûken. Kneppelfreed (oerlis) 31 mai 2023, 08.58 (CEST)
- Jo ha gelyk dat wy net samar ynformaasje oer Fryske plakken út Nederlânske lemma's oernimme moatte. Njonken de redenen dy't jo neame is ek dêr de ynformaasje somtiden net mear by de tiid, al wurdt dy dêr yn 'e regel wat better byholden as by ús. Wy binne hjir no ienris minmachtich en dan driget soks hiel gau. Dêrom wie ik ek sa bliid dat jo dat mei de ynwennertallen regele ha, want dat sparret ús in soad wurk út om it by te hâlden. Ik begryp yntusken wol dat Swarte Kees him der bytiden al te gau fan ôfmakke troch de ynformaasje oer Fryske plakken mei ham en gram fan Nederlânsktalige lemma's oer te nimmen (en as er al in Fryske boarne hie, typte er dêr hiele stikken út oer sûnder boarnefermelding, lykas bliken dien hat by de doarpen fan Ljouwerteradiel. By hast elts Frysk plak kom ik boppedat tsjin dat der gjin ien boarne neamd wurdt). Foar safier it om Fryske saken giet, kinne wy it bêste safolle mooglik ús eigen boarnen brûke (Fryske media en boeken, Fryske oerheid). Mar it is wol sa dat dy boarnen der ek net altiten binne, dat ja, wy moatte mar roeie mei de riemen dy't wy ha. RomkeHoekstra (oerlis) 31 mai 2023, 10.28 (CEST)
- @Kneppelfreed Die DagneyGirl/Dagdeel is ferliene jier foar ûnbepaalde tiid blokkearre. FreyaSport (oerlis) 31 mai 2023, 12.42 (CEST)