Fuortsette grifformearde tsjerke (Boarnburgum)
Fuortsette grifformearde tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Smellingerlân | |
plak | Boarnburgum | |
adres | Easterbuorren 52 | |
koördinaten | 53° 05' N 6° 03' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | fGTN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | G. Kijlstra, Drachten | |
boujier | 1911 | |
monumintale status | gemeentlik monumint | |
Webside | ||
Side Fuortsette grifformearde tsjerke, Boarnburgum | ||
Kaart | ||
De Fuortsette grifformearde tsjerke oan de Easterbuorren yn Boarnburgum is in tsjerkegebou fan de fuortsette grifformearde gemeente fan Boarnburgum-Koartehimmen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard boud yn 1911 foar de grifformearde gemeente fan Boarnburgum. Yn 1984 folge in ferbouwing. De gemeente gyng yn 2004 net mei yn it PKN-ferbân en sûnt foarmet it gebou it tsjerklik sintrum fan de fuortsette grifformearde tsjerke .
De groeiende gemeente hat likernôch 520 leden (2022). Yn 'e hjerst fan 2008 waarden in pear romtes by de tsjerke boud. De tsjerke is mei de njonkenlizzende pastory in gemeentlik monumint.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1967 waard troch de firma Van den Berg & Wendt in nij sleeplade-oargel foar de tsjerke boud, dat op 14 oktober 1967 yn gebrûk nommen waard. Yn 1991 feroare Sicco Steendam de disposysje in bytsje. It ynstrumint waard yn 2010 troch de firma Steendam skjinmakke.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|