Springe nei ynhâld

Woodbrookers

Ut Wikipedy

De Woodbrookers, ek: Barchembeweging is in beweging dy't neamd is nei it Ingelske Quakersintrum Woodbrooke ûnder Birmingham. De beweging kaam nei Nederlân yn 1908 mei gebouwen yn Barchem en besocht persoanen fan ferskillende rjochtingen by elkoar te bringen. De Arbeidersmienskip fan de Woodbrookers, in yn 1919 oprjochte ûnderôfdieling, woe de arbeidersbeweging yn religieuze geast tsjinje. In liedende figuer wie teolooch Willem Banning. Dizze arbeidsmienskip stifte yn 1931 yn Bentveld en yn 1937 yn Koartehimmen in konferinsjeoard. Ek dy syn freon en kollega Bart Ruitenberg, parsepredikant fan de Herfoarme Tsjerke en haadredakteur fan Hervormd Nederland, wie as foarsitter fan de Arbeidersmienskip fan de Woodbrookers ien fan de driuwende krêften efter dizze beweging, dy't al gau de trochbraakbeweging neamd waard.

Foar de trochbraak yn Fryslân hat Koartehimmen gjin betsjutting hân. It wurkleazenswurk, de ûnderwizers- en jeugdkursussen hawwe foar party in seine west. In Noardlike Kommisje regele dêrnei it wurk. De arbeidsmienskip joech it tydskrift Tijd en Taak út. Yn 1995 waard de arbeidsmienskip opheft. Har aktiviteiten waarden opnomd yn dy fan de feriening De Rode Hoed yn Amsterdam. De sintra yn Bentveld en Kortehimmen, en ek inkele oare, hawwe in bestimming as hotel of konferinsjeoard krigen.
Yn 2010 is it behannelsintrum foar jongerein de Woodbrookers yn Koartehimmen iepene. It is bedoeld foar jongerein tusken de tolve en achttjin jier mei gedrachsproblemen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Woodbrookersbeweging.