Springe nei ynhâld

Tytsjerksteradiel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gritenij Tytsjerksteradiel)
Tytsjerksteradiel

It Alvestêdemonumint op 'e Kanterlânsbrêge oer De Moark.
flaggewapen

Wapen fan Tytsjerksteradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemasterTineke Schokker (waarnimmend)[1]
sifers en geografy
haadplakBurgum
grutste plakBurgum
ynwennertal32.626 (1 jannewaris 2024) [2]
befolkingstichtens216 / km²
oerflak161,41 km²
● wêrfan lân149,44 km²
● wêrfan wetter11,97 km²
tal doarpen17
ferkearsierenN355, N361
skiednis
oprjochte1851
oant 1851 Gritenij Tytsjerksteradiel
oar
netnûmer058, 0511
postkoade9061–9265
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.tytsjerksteradiel.nl
Lânkaart út 1664.

Tytsjerksteradiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Tietjerksteradeel) is in Wâld-gemeente yn Fryslân east fan Ljouwert. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 32.626 ynwenners (boarne: CBS) op in oerflak fan 161,41 km², wêrfan 12 km² wetter. De gritenij Tytsjerksteradiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 moast Tytsjerksteradiel ûnfrijwillich it rekreaasjegebiet De Griene Stjer ôfstean oan Ljouwert en it noardeastlike part fan De Alde Feanen oan Boarnsterhim.[3]

De gemeente telt 17 wenplakken. It haadplak is fan de gemeente Tytsjerksteradiel is Burgum. Sûnt 1989 binne de plaknammen offisjeel Frysktalich.

De folgjende plakken lizze yn de gemeente Tytsjerksteradiel:

Plaknamme Oantal ynwenners
Aldtsjerk 695
Burgum 10.095
Earnewâld 395
Eastermar 1.580
Feanwâldsterwâl -
Garyp 1.880
Gytsjerk 2.280
Hurdegaryp 5.095
Jistrum 935
Mûnein 725
Noardburgum 2.387
Oentsjerk 2.060
Ryptsjerk 765
Sumar 1.365
Suwâld 635
Tytsjerk 1.610
Wyns 260

De sifers komme út it jier 2024, fan https://allecijfers.nl/. It oantal ynwenners fan Feanwâldsterwâl is net krekt bekend omdat Feanwâldsterwâl gjin eigen postkoade hat, en it doarp is ferdield oer de gemeenten Tytsjerksteradiel en Dantumadiel.

De folgjende buorskippen lizze yn de gemeente Tytsjerksteradiel: Alde Miede, Altenburch, Bartlehiem (diels), De Joere, Gaastmabuorren, Gytsjerksterhoeke, De Hallingen, De Harste, It Heechsân, De Iest, Iniaheide, Kûkherne (diels), Lânsbuorren, De Lytse Geast, De Mearen, Nijstêd, Noardermar, Quatrebras, Sânhuzen, Sigerswâld, Skûlenboarch, Snakkerbuorren, Sumarreheide, Swarteweisein en It Wytfean.

Op 'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder, De Leien.

Wapens en flaggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferdieling gemeenteried

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel bestiet út 23 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:

partij ferkiezings 2018[4] ferkiezings 2022[5]
% sitten % sitten
CDA 23,6 6 18,6 5
FNP 18,9 5 20,0 5
GrienLinks 15,0 3 9,4 2
VVD 13,9 3 10,4 2
PvdA 11,6 3 12,1 3
KristenUny 10,8 2 8,9 2
D66 6,8 1 5,9 1
BVNL 0 0 14,7 3
ûnjildich & blanko 0,3 0,1
opkomst/totaal sitten 60,4% 23 59% 23

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hiemside Tytsjerksteradiel, oproppen 14 maart 2025.
  2. Alle Cijfers
  3. Veltman, Melle, Hoe Achtkarspelen de fusiedans ontsprong, yn: de Ljouwerter Krante, 5 novimber 2018, s. 19.
  4. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022
  5. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen It Amelân Dantumadiel Eaststellingwerf Flylân De Fryske Marren Harns It Hearrenfean Ljouwert Noardeast-Fryslân Opsterlân Skiermûntseach Skylge Smellingerlân Súdwest-Fryslân Tytsjerksteradiel De Waadhoeke Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) Baarderadiel (1851–1984) Barradiel (1851–1984) It Bilt (1851–2018) Boalsert (1455–2011) Boarnsterhim (1984–2014) Doanjewerstâl (1851–1984) Dokkum (1298–1984) Dongeradiel (1984–2019) Drylts (1268–1984) East-Dongeradiel (1851–1984) Ferwerderadiel (1851–2019) Frjentsjer (1374–1984) (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) Gaasterlân (1851–1984) Gaasterlân-Sleat (1984–2014) Haskerlân (1851–1984) Hylpen (1372–1984) Himmelumer Aldefurd (1851–1984) Hinnaarderadiel (1851–1984) Idaerderadiel (1851–1984) Kollumerlân (1851–2019) Lemsterlân (1851–2014) Littenseradiel (1984–2018) Ljouwerteradiel (1851–2018) Menameradiel (1851–2018) Nijefurd (1984–2011) Raerderhim (1851–1984) Skarsterlân (1984–2014) Skoatterlân (1851–1934) Sleat (1426–1984) Snits (1292–2011) Starum (1061–1984) Utingeradiel (1851–1984) Warkum (1399–1984) West-Dongeradiel (1851–1984) (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje
Tytsjerksteradiel
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
· · Berjocht bewurkje