Springe nei ynhâld

Wapen fan Tytsjerksteradiel

Ut Wikipedy
Gemeentewapen Tysjerksteradiel

It gemeentewapen fan Tytsjerksteradiel waard fêststeld op 25 maart 1818 as:

Fjouwerendield; it earste fan lazuer beladen mei in skepnet en in seine, steand as in St.Andrieskrús; it twadde fan sulver, beladen mei in griene nôtplant; it tredde mei fan sulver, beladen mei 3 beammmen fan sinopel; it fjirde fan keel, beladen mei in swarte hoarn. It skyld dekt mei in kroan fan goud.
De seine en it skepnet binne fan sulver, de beammmen steane op in losse grûn, de hoarn is in posthoarn, de nôtplant is earder in reidkraach mei trije plommen en de kroan hat trije blêden en 2x3 pearels.

Op 11 july 1985 kaam der in nij wapen: Fjouwerendield : I yn keel in skepnet en in seine fan sulver, II yn sulver in reitplant mei 3 plommen, op in grûn, alles fan sinopel, III yn sulver 3 plante beammen fan sinopel, IV yn azuer in jachthoarn fan goud. It skyld dekt mei in gouden kroan fan 3 blêden en 2x3 pearels.

It gemeentewapen fan Tytsjerksteradiel is opboud út fjouwer streekwapens, ek wol kertieren neamd. Elk kertier stiet foar in oantal doarpen en symbolisearret it karakter fan Tytsjerksteradiel. It earste kertier (Tytsjerksterkertier), linksboppe, mei it net en de seine pleatst as in Andreäskrús, is dat fan de doarpen Tytsjerk, Ryptsjerk en Suwâld. It kertier is read mei sulvergrize figueren. De seine symbolisearret de agraryske sektor, it net de fiskerij.

It twadde kertier (Sumarderkertier), rjochtsboppe, mei de trije reidplommen, is dat fan de doarpen Sumar, Eastermar en Jistrum. De ûndergrûn is sulvergriis mei griene plommen. De plommen symbolisearje it wetterrike gebiet.

It tredde kertier (Trynwâldsterkertier), linksûnder, mei de trije beammen, is dat fan de doarpen Oentsjerk, Aldtsjerk, Gytsjerk en Mûnein. De ûndergrûn is sulvergriis mei trije griene beammen, dat fansels de boskige streek fan de Trynwâlden sjen lit.

It fjirde kertier (Burgumerkertier), rjochtsûnder, mei de jachthoarn, is dat fan de doarpen Burgum, Noardburgum, Garyp en Hurdegaryp. It kertier is blau mei in gouden hoarn. De hoarn jout oan dat yn dy omkriten in soad jage waard. De doarpen Wyns en Earnewâld binne net yn it wapen opnommen. Wyns, dat oan de Dokkumer Ie leit, wie foarhinne it sintrum fan it distrikt Winninghe. Dat distrikt foel fierhinne gear mei it lettere Eastergoa. Dêrom stie it wapen fan Eastergoa model foar it wapen fan Wyns. Earnewâld hat in eigen wapen. De namme ‘Earnewâld’ is nei alle gedachten ôflaat fan ‘earn’ en ‘wâld’. Yn it wapen stiet dan ek in dûbele earn.