Springe nei ynhâld

Hemmemastate (Bitgum)

Ut Wikipedy
Suzanna Margaretha (Sjouk) fan Donia

Hemmemastate of Doniastate wie in state súdwestlik fan Bitgum op de terp Bessum. De state foel ûnder it doarp Menaam. It terrein is no boulân.

Al yn 1439 wurdt der in "Hemmema statthen to Bessum" fernijd. Dêrút docht bliken dat it hûs doe al folle grutter en foarnamer wie as in sljochtweihinne ferdigenbere wentoer, dy't stienhûs neamd waard. Krektas bij de Hemmemastate yn Berltsum draacht de earst bekende eigener dêrfan de namme Doeke Hemmema. Mooglik wie dat ien en deselde persoan. Hy stoar yn 1439, want yn in boedelskieding fan dat jier wie fêstlein dat Thieda Doekadr. Hemmema, dy't troud wie mei Hannyke Ritzckasn. fan It Amelân, har op "Hemmema statthen to Bessum" nei wenjen sette sil. Hja erve ek lannen ûnder Berltsum, dêr't ek in Hemmemastate foarkomt. Hannyke wie frij seker in soan fan Ritske Jelmera (1383-1450), dy't ûndermear eigener wie fan It Amelân.

Yn 1511 wie de state eigendom fan Aleph Hettes Hemmema, broer fan Doeke Hettes Hemmema fan Berltsum. Aleph is dejinge dy't yn 1496 meiholp it hûs fan syn broer Doeke, Hemmemastate yn Berltsum te ferdigenjen tsjin de Grinslanners. Aleph stoar sûnder bern om 1525 hinne en de state te Bessum gie nei syn suster Syts Hettedr. fan Hemmema, dy't yn 1488 troud wie mei Sierck Keimpes Donia. Sierck waard al yn 1478 neamd as meirjochter fan Menameradiel en hie yn 1511 34 pûnsmiet lân ûnder Bitgum en 152 ûnder Menaam, genôch foar trije middelgrutte pleatsen. Hy wie grif berne op en eigener fan de pleats Doniasate oan de wei fan Menaam nei Skingen.

Yn it Frysk Museum steane noch twa stiennen liuwen út 1648 dy't fan Hemmemastate komme. De iene draacht in skyld mei it wapen fan Cammingha fan Jelmera en de oare it wapen fan Donia. Om it steed fan de eardere state binne yn it ramt fan de ruilferkaveling eartiids wer beammen plante.

  • - 1439 Doeke Hemmema
  • 1439 Thieda Doekadr. Hemmema, troud mei Hannyke Ritzckasn. fan It Amelân
  • 1511 - 1525 Aleph Hettes Hemmema
  • 1525 Syts Hettedr. fan Hemmema, troud mei Sierck Keimpes Donia
  • - 1561 Keimpe Siercks fan Donia
  • 1561 - 1573 Syds fan Donia
  • 1573 - 1593 Keimpo fan Harinxma fan Donia
  • 1593 - 1660 Syds/Keimpe fan Harinxma fan Donia, troud mei Ebel fan Haytsma
  • 1660 - 1667 Syds fan Harinxma fan Donia
  • 1672 - 1682 Rixt fan Donia, widdo fan Watse fan Camminga
  • 1682 Isabella Susanna (Belle) thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Bitgum, de skiednis fan Bitgum en Bitgummole - T. Kingma, 1988
  • Tegenwoordige staat van Friesland ± 1785
  • Menaldumadeel, 2000 jaar leven in een Friese grietenij - David Hartsema, 1981
  • Skiednis fan Menameradiel red. Oepke Santema en dr. Y.N. Ypma, 1972