Tsjaardastins

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Tjaerdastins)
Jump to navigation Jump to search

De Tsjaardastins, ek: Tziarda wie in stins yn Hallum. Fan de stins is neat werom te finen.

Oer it ûntstean is neat bekend, mar yn de 16e iuw wenne hjir de - wyls útstoarne - aadlike famylje Tsjarda en it wie it bertehûs fan de Mariengaarder abt Wilko Tziarda (1350-1353). Yn 1511 en 1540 wienen Jemme Herjuwsma fan Ferwert en nei him syn rjochtsopfolger Douwe fan Burmania eigener. Dêrneist hie ek Ritske Boelema rjochten op dit goed.

It is goed mooglik dat Tsjarda net fier beëasten it doarp stie. Yn 1578 leinen ûndermear de huzen fan twa kûpers, it wenhûs fan de widdo Sythiema en dat fan de prebendaris nammentlik yn Tsjaardema Espel.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jemme Herjuwsma
  • Douwe fan Burmania
  • Ritske Boelema (diels)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: