Douwe fan Burmania
Douwe fan Burmania († Ferwert 1551) wie in grytman út it laach Fan Burmania. Hy wie de soan fan Rienck Upckes fan Burmania en Eeck Tjaertsdochter fan Burmania.
Op 9 july 1504 tekene Douwe Bourmania it reversaalbrief, mei 't namme fan syn broer Bocke en syn styfsoan Laes fan Harinxma. As Douwe Burmanye stiet hy op 5 jannewaris 1505 op de list fan eallju út Frjentsjerteradiel. Fan 1511/1512 wie hy grytman fan Wûnseradiel en wenne doe yn Hichtum, mar fan 1520 oant 1529 waard hy grytman fan Ferwerderadiel. Hy hie besittings yn Hallum, Marrum, Nijtsjerk, mar ek yn Stiens en Ferwert, dy't yn 1511 eigendom wiene fan Gemme Herjuwsma.
Rjochtsaken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Douwe moast meardere kearen foar it rjocht. Yn 1515 is hy as Douwe Burmania by de hearskippen dy't Karel V huldigje (list Thabor en list Winsemius). Yn 1538 prosedearre syn broer Tjaert tsjin him om in stik lân yn Feinsum. Op 20 desimber wurdt tsjin him en syn frou Saepcke prosedearre oangeande de oerdracht fan harren hûs yn Ljouwert. Yn 1539 waard hy dage út namme fan syn bern by syn eardere frou Ath en in pear moanne letter yn datselde jier wie der in proses tsjin Douwe en syn frou Saepck.
Houliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ath Piersdr Bonninga fan Sjaerda
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Douwe troude mei Ath Piersdr Bonninga fan Sjaerda († 14 septimber 1522) in dochter fan Pier Bonninga fan Sjaerda en Tryn Lollesdr fan Ockinga. Doe't har broer Tsjomme ferstoar makken har soannen en Jancke fan Douma út namme fan har dochter Mary mei oanspraak op de erfenis. Ath wie widdo fan Laes fan Harinxma († 1495), soan fan Haring fan Harinxma en Popck Riencksdr fan Popma. Yn 1511 hie Ath, frou fan Douwe fan Burmania, mandélich besit yn Heech mei Douwe fan Harinxma.
Ut it houlik fan Douwe en Ath:
- Rienck fan Burmania († 10 jannewaris 1541). Hy wurdt neamd as Renicus à Burmania yn 1530 studint yn Bourges. Dr.Rienck wie riedshear by it Hof fan Fryslân fan 1537-1541.
- Mary fan Burmania († nei 1557)
- Pier fan Burmania († 1545/1557)
- Here fan Burmania
- Erasmus fan Burmania († Leuven 1538)
Saepck fan Ydsma
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Douwe wertroude yn 1524 mei Saepck fan Ydsma, († 17 febrewaris 1570), dochter fan Werp fan Ydsma en Frou fan Juwsma. Saepck die op 8 july 1534 in fersyk oan Margareta fan Eastenryk om rehabilitaasje foar har en har bern doe't hja mei Burmania trouwe soe. It earewerstel barde om't har eardere man Herjuwsma yn 1512 ûnthalze wie fanwege lânferrie. Ek neffens it "Dootboeck" wie hja fjouwer kear troud en moat hja dus grif foar 1490 berne wêze. Saepck wie widdo fan Taco fan Aebinga (†1511), soan fan Douwe fan Aebinga en Ael Sippesdochter fan Heemstra. Sipk wie widdo fan Jemme Herjuwsma, ferstoarn yn Ljouwert op 16 novimber 1512. Saepck wie ek widdo fan Sybren Jeppes fan Stenstera, ferstoarn 1521/1525, soan fan Jeppe fan Stenstera en Eeth Ndr.
Ut it houlik fan Douwe en Saepck:
- Gemme fan Burmania (berne ± 1524)
- Ath fan Burmania († 1543/1557)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |