Springe nei ynhâld

Rintjemastate

Ut Wikipedy

Rintjemastate wie in state yn Eastrum, gemeente Dongeradiel. Op it steed fan de state is no in grut gat yn de doarpsterp.

De state wurdt foar it earst neamd yn 1498 as de Saksyskgesinde haadlingen Schelte Tjaerda fan Rinsumageast en Take Heemstra in huys toe Aestrum dat Jaerla toe hoorde, ende hiete Ryntiama huys. Galt Jaerla waard dêrby finzennomd. Yn 1511 wienen Æmke Jaerla en de bern fan syn broer Botte eigeners fan dit 'Jaerle guet'. Yn 1640 wie juffer Perck fan Roorda, widdo Emingha de eigenaresse. Har man, Pybo fan Eminga wie in pakesizzer fan Minne Eminga en Eelck Jaerla, in dochter fan Amke Jarle.
Yn 1698, 1700 en ek noch yn 1728 wie de state eigendom fan Tiberius Pipinus fan Eminga dy't yn Goutum op Wiardastate wenne. De pleats fan 90 pûnsmiet (33 hektare) waard al dy tiid ferpachte oan Jan Jansen. Letter is it guod ferkocht, want yn 1832 wie Anne Siebrens Mellema mei oaren eigener en grif de brûker.

Rintjema hie yn 1832 noch in ymposante grêft; it hiem wie in achtste segmint fan de Eastrumer doarpsterp. Op de kadastrale minút is op it steed fan Rintjemastate in ynbreuk te sjen op it ûntginningspatroan, dat om Eastrum tige strielsgewiis ferrint. Fan in poartegebou, dêr't troch in skriuwer yn de 19e iuw noch oer skreaun wurdt, is op de kaart neat mear fan te sjen. Alle lân oant it Dokkumer Grutdjip hearde by Rintjema.

  • 1498 Galt Jaerla
  • 1511 Amke Jaerla en de bern fan syn broer Botte
  • Minne Eminga en Eelck Jaerla
  • Pybo fan Eminga en Perck fan Roorda
  • 1640 juffer Perck fan Roorda, widdo Emingha
  • 1698, 1728 Tiberius Pipinus fan Eminga yn Goutum
  • 1832 Anne Siebrens Mellema en mei eig.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen