Tipeljen
Tipeljen is in âld folksspultsje wêrby in ûngefear 10 sintimeter lang stikje rûnhout (de typ) mei in ûngefear 50 á 80 sintimeter lange stok (de tipelstok) sa fier mooglik fuortslein wurde moat. De tsjinpartij besiket de typ te fangen om dyjinge dy't oan slach is sa ôf te meitsjen. Wa't de typ fangt komt sels oan slach. Slagget it net om de typ te fangen dan kin de tsjinpartij besykje de typ fan it plak dêr't dy delkommen is, werom te smiten yn de tipelsône om sa oan slach te kommen. Yn guon farianten wurdt dy sône fan ûngefear in kante meter markearre mei kryt of in lint. Yn oare farianten is de tipelsône ien lingte fan in tipelstok fan de tipelstiennen ôf rekkene. It tal spilers is minimaal twa. Der is yn begjinsel gjin maksimum oan it tal spilers. De spulregels kinne fan plak oant plak ferskille.
Skoare
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Allinne dyjinge dy't oan slach is kin punten skoare. It tal punten yn in slachbeurt wurdt bepaald troch it tal stoklingtes dat de typ fan de tipelsône of tipelstiennen ferwidere bliuwt neidat dy troch de tsjinstanner werom smiten is.
Materiaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sawol de typ as de tipelstok wurde meast makke fan wylgehout. In goeie tipelstok is farsk en skyld. De tipelstok hat op ûngefear 12 sintimeter en sawat oan de ein in ynkeping dêr't de typ yn lein wurde kin.
Ofmjittings fan it fjild
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ôfmjittings fan it fjild binne fariabel. De breedte fan it fjild is meast sa'n 6 oant 10 meter. De lingte is meast ûnbeheind. As der op 'e dyk spile wurdt is de breedte gelyk oan de breedte fan de dyk. De spilers sprekke yn 't foar ôf wat kwea is en wat net en as him in sitewaasje foardocht dy't net regele is, jildt dat de bretaalste gelyk hat (of nimt).
Manieren om de typ yn it spul te bringen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat langer as in spiler oan slach bliuwt, wat dreger it wurdt om de typ yn it spul te bringen.
- De typ wurdt oer in kûltsje yn de grûn hinne lein of op twa mei wat tuskenromte njonken elkoar pleatste klinkers dellein. De tipelstok wurdt efter de typ pleatst en mei in swyp safier mooglik fuortslein.
- De typ wurdt yn de ynkeping it tichtst by de hângreep op de tipelstok dellein en fan dêrôf mei in soepele beweging de loft yn smiten en yn de flecht fuortslein.
- Idem, mar dan mei de typ yn de ynkeping oan de ein fan de tipelstok.
- De typ moat yn de slachhân mei de pink fêsthâlden wurde, yn de loft smiten en yn de flecht fuortslein wurde. (pinkelje)
- De typ wurdt wer oer it kûltsje of de stiennen lein, mei de tipelstok de loft yn wipt en dan yn de flecht fuortslein.
- De typ wurdt skean tsjin in stien pleatst sadat it topke der krekt boppe út stekt. Troch mei de tipelstok op it topke te tikjen giet de typ rotearjend de loft yn en wurdt dan yn de flecht slein.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tipeljen wie oant de 60-er jierren fan de 20e iue yn guon parten fan Fryslân noch in algemien berne- en merkespultsje. Tsjintwurdich wurdt it benammen noch yn de omkriten fan Dokkum spile. Yn oare parten fan Nederlân stiet it spultsje ûnder oaren as Pinkelen bekend. It spultsje komt ek yn oare parten fan Europa foar. Yn Itaalje wurdt it beskôge as in 'typysk Pimonteesk' spultsje.