Springe nei ynhâld

Fuotbalferiening Eastergoa

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fuotbalferiening Oostergo)
Fuotbalferiening Eastergoa
V.V. Oostergo
Oprjochte28 july 1964
PlakIe
SportkompleksDe Streng
KompetysjeSneons fiifde klasse
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Tenu
Webstee fuotbalferiening Oostergo
offisjele webside

Fuotbalferiening Eastergoa is oprjochte op 28 july 1964 en spilet op de akkommodaasje oan de Stienfeksterwei yn Ie. It klupgebou hjit Oan 'e Line . de klupkleuren binne in read shirt, giele broek en sokken.

De feriening is ûntstien troch tadwaan fan doetiidsk Ds. Sinia út Ie, dy't fûn dat it jongfolk mear (sport)fertier nedich hie. Tegearre mei in oantal sportleafhawwers út it doarp, is doe't de fuotbalferiening opstart.

De namme Eastergoa is ferneamd nei de streek Eastergoa, in gebiet dat him útstrekt eastlik fan de eardere Middelsee (no It Bilt) nei de Lauwersmar, dus hast hielendal Noardeast Fryslân. Op sportkompleks De Streng hat de fuotbalferiening de beskikking oer twa fjilden en in trainingsfjild.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: