Amt Follenhove is in eardere gemeente yn de Kop fan Oerisel yn de Nederlânske provinsje Oerisel. De gemeente ûntstie yn 1818 doe't de gemeente Follenhove ôfspjalte waard yn Stêd en Amt Follenhove, besteande út it lânlik gebiet fan de stêd. De gemeente Follenhove waard yn 1811 foarme mei it gearfoegjen fan de stêd Follenhove en it Lân fan Follenhove. De gemeente Stêd Follenhove bestie allinnich út de stêd Follenhove, kreksa as by de sitewaasje fan foar 1811. De gemeente Amt Follenhove bestie út it doarp Sint-Janskleaster en de buorskippenLeeuwte (karspel), Barsbeek (karspel), Kúnderdyk en Baarlo. Fierder omfieme de gemeente noch de buorskippen Kadoelen, Zuurbeek, Heetveld en De Dune.