Springe nei ynhâld

Follenhove (gemeente)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gemeente Follenhove)
Follenhove

Oldruitenborgh yn Follenhove
flaggewapen
polityk
lân Nederlân
provinsje Oerisel
sifers en geografy
haadplakFollenhove
grutste plakFollenhove
ynwennertal
skiednis
oprjochte1811
1942
foar 1811
1818-1942
Stêd Follenhove
Amt Follenhove
opheft1818
1973
opgien yn Brederwiede
no part fan Stienwikerlân
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2

Follenhove is in eardere gemeente yn de Kop fan Oerisel yn de Nederlânske provinsje Oerisel. Haadplak wie de stêd Follenhove.

De earste gemeente Follenhove hat lykwols mar foar in koart skoftke bestien, fan 1811 oant 1 july 1818 doe't er spjalte waard yn Stêd Follenhove en Amt Follenhove. De twadde gemeente Follenhove ûntstie op 1 febrewaris 1942 troch it gearfoegjen fan de Stêd en Amt Follenhove mei guon grinskorreksjes.

Op 1 jannewaris 1973 waard de gemeente, mank mei de gemeenten Bloksyl, Giteren en Wanneperfean gearfoege ta de gemeente Brederwiede. Op 1 jannewaris 2001 gie Brederwiede mei Iselham en Stienwyk op yn de nije fúzjegemeente Stienwikerlân.

Op 10 augustus 1942 krige Stêd Follenhove in nij wapen, nei oanlieding fan de fúzje mei Amt Follenhove. Om't Stêd op dat stuit net mear bestie, waard dat wapen it wapen fan de nije gemeente Follenhove.

Njonken de stêd Follenhove, dêr't de eardere gemeente Stêd Follenhove allinne út bestie, bestie de gemeente Follenhove út de folgjende kearnen dy't part fan de eardere gemeente Amt Follenhove wiene: Sint-Janskleaster en de buorskippen Baarlo, Barsbeek, De Dune, Heetveld, Kadoelen, Kúnderdyk, Leeuwte, Poepershoek en Zuurbeek.

AmtstiidrekNamme boargemeasterPartij of stromingBysûnderheden
1811 - 1814Jan Herman Sigismund Mauritz van Nagellwaard yn 1814 jonker en yn 1822 baron
1814 - 1817P.J. Fenema
1817 - 1818Izaak de Koningbleau boargemaster fan Stêd Follenhove
1818 - 1942 twa gemeenten: Amt Follenhove en Stêd Follenhove
1942 - 1944mr. F.R. Crommelinwie sûnt 1940 boargemaster fan Stêd en Amt Follenhove
1944E. Lamberswaarnimmend; tagelyk waarnimmend burgemeester fan Wanneperfean en Swollerkarspel
1944 - 1945A.C. van DrielNSBwaarnimmend, ek boargemaster fan Wemeldinge west
1945 - 1950mr. F.R. Crommelinearst waarnimmend, waard boargemaster fan Hellendoorn
1951 - 1957mr. Rutger Wessel (R.W.) baron van BoetzelaerCHUwaard boargemaster fan Driebergen-Rijsenburg
1957 - 1973mr. J.G. KrolCHUletter boargemaster fan Beesd
Boarnen, noaten en/as referinsjes: