Springe nei ynhâld

Stêd Follenhove

Ut Wikipedy
Stêd Follenhove
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Oerisel
Oar
Stifting1818-1942
Koördinaten52° 41' NB, 5° 57' EL
Offisjele webside
www.stadvollenhove.nl
Kaart
Stêd Follenhove (Oerisel)
Stêd Follenhove

Stêd Follenhove is in eardere gemeente yn de Kop fan Oerisel yn de Nederlânske provinsje Oerisel. De gemeente ûntstie yn 1818 doe't de gemeente Follenhove ôfspjalte waard yn Stêd en Amt Follenhove. De gemeente Follenhove waard yn 1811 foarme mei it gearfoegjen fan de stêd Follenhove en it Lân fan Follenhove. De gemeente Stêd Follenhove bestie allinnich út de stêd Follenhove, kreksa as by de sitewaasje fan foar 1811.

Yn 1942 waarden Stêd en Amt Follenhove fannijs gearfoege ta de nije gemeente Follenhove. Yn 1973 waard dy gemeente mei de gemeenten Bloksyl, Giteren en Wanneperfean gearfoege ta de gemeente Brederwiede, dy't yn 2001 mei de gemeenten Iselham en Stienwyk ta de nije fúzjegemeente Stienwikerlân gearfoege waard.

AmtstiidrekNamme boargemasterPartij of streamingBysûnderheden
1818-1821Izaak de Koningwie boargemaster fan de ûnferparte gemeente Follenhove
1821-1838Gerard Johan Jacobson
1838mr. Onno Zwier van Sandickwaard offisier fan justysje
1839-1841mr. Hendrik Kronenberg
1841-1845mr. Willem Jan Carel Putman Cramerhy en al syn opfolgers wiene tagelyk boargemaster fan Amt Follenhove
1845-1851mr. Jan Arend Godert baron de Vos van Steenwijk
1851-1859mr. Gerardus Everhardus Vos de Wael
1859-1885Antonij Johan ten Catewaard boargemaster fan Amt Delden en fan Stêd Delden
1885-1913Anthony baron Sloet van Oldruitenborgh
1914C.A. Besier
1914-1924jhr. Constant Leopold Balthazar Willem van Suchtelen van de Haare
1924-1926jhr. Henri Beelaerts van Blokland
1926-1940mr. W.C. ten Katewaard boargemaster fan Goes
1940-1942mr. Frederik Reinhard Crommelinbleau boargemaster fan de fannijs foarme gemeente Follenhove