Springe nei ynhâld

Follenhove (gemeente)

Ut Wikipedy
Follenhove

Oldruitenborgh yn Follenhove
flagge wapen
polityk
lân Nederlân
provinsje Oerisel
sifers en geografy
haadplak Follenhove
grutste plak Follenhove
ynwennertal
skiednis
oprjochte 1811
1942
foar 1811
1818-1942
Stêd Follenhove
Amt Follenhove
opheft 1818
1973
opgien yn Brederwiede
no part fan Stienwikerlân
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Follenhove is in eardere gemeente yn de Kop fan Oerisel yn de Nederlânske provinsje Oerisel. Haadplak wie de stêd Follenhove.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste gemeente Follenhove hat lykwols mar foar in koart skoftke bestien, fan 1811 oant 1 july 1818 doe't er spjalte waard yn Stêd Follenhove en Amt Follenhove. De twadde gemeente Follenhove ûntstie op 1 febrewaris 1942 troch it gearfoegjen fan de Stêd en Amt Follenhove mei guon grinskorreksjes.

Op 1 jannewaris 1973 waard de gemeente, mank mei de gemeenten Bloksyl, Giteren en Wanneperfean gearfoege ta de gemeente Brederwiede. Op 1 jannewaris 2001 gie Brederwiede mei Iselham en Stienwyk op yn de nije fúzjegemeente Stienwikerlân.

Wapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 10 augustus 1942 krige Stêd Follenhove in nij wapen, nei oanlieding fan de fúzje mei Amt Follenhove. Om't Stêd op dat stuit net mear bestie, waard dat wapen it wapen fan de nije gemeente Follenhove.

Kearnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de stêd Follenhove, dêr't de eardere gemeente Stêd Follenhove allinne út bestie, bestie de gemeente Follenhove út de folgjende kearnen dy't part fan de eardere gemeente Amt Follenhove wiene: Sint-Janskleaster en de buorskippen Baarlo, Barsbeek, De Dune, Heetveld, Kadoelen, Kúnderdyk, Leeuwte, Poepershoek en Zuurbeek.

Boargemasters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amtstiidrek Namme boargemeaster Partij of stroming Bysûnderheden
1811 - 1814 Jan Herman Sigismund Mauritz van Nagell waard yn 1814 jonker en yn 1822 baron
1814 - 1817 P.J. Fenema
1817 - 1818 Izaak de Koning bleau boargemaster fan Stêd Follenhove
1818 - 1942 twa gemeenten: Amt Follenhove en Stêd Follenhove
1942 - 1944 mr. F.R. Crommelin wie sûnt 1940 boargemaster fan Stêd en Amt Follenhove
1944 E. Lambers waarnimmend; tagelyk waarnimmend burgemeester fan Wanneperfean en Swollerkarspel
1944 - 1945 A.C. van Driel NSB waarnimmend, ek boargemaster fan Wemeldinge west
1945 - 1950 mr. F.R. Crommelin earst waarnimmend, waard boargemaster fan Hellendoorn
1951 - 1957 mr. Rutger Wessel (R.W.) baron van Boetzelaer CHU waard boargemaster fan Driebergen-Rijsenburg
1957 - 1973 mr. J.G. Krol CHU letter boargemaster fan Beesd

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: