Springe nei ynhâld

Swartslús

Ut Wikipedy
Swartslús
Zwartsluis
Grifformearde tsjerke (2017)
Grifformearde tsjerke (2017)
Emblemen
                 
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Swartewetterlân
Sifers
Ynwennertal 4.955 (2023) [1]
Oerflak 18,34 km²
dêrfan lân: 16,63 km²
dêrfan wetter: 1,71 km²
Befolkingsticht. 270 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N331, N334
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Offisjele webside
beleefzwartsluis.nl
Kaart
Swartslús (Oerisel)
Swartslús

Swartslús[2] of Swartslûs (Nederlânsk en offisjeel: Zwartsluis; Nedersaksysk: De Sluus) is in (haven)plak yn de gemeente Swartewetterlân yn de provinsje Oerisel. It plak hat op 1 desimber 2015 4805 ynwenners.

Swartslús is ûntstien op it plak dêr't it Meppelerdjip yn it Swarte Wetter útrint. It plak wurdt yn 1398 foar it earst neamd, doe't it djip ôfdamme waard mei in dûkerslús.

Swartslús hat in trochfierhaven west foar turf út Drinte nei Hollân.
Tusken 1765 en 1798 wie Swartslús it plak dêr't in protte Joadske húshâldings út de omkriten harren nijberne jonkjes besnije lieten. It besnijenisregister dat bewarre bleaun is neamt de plaknamen Dwingeloo, De Lemmer, Kampen, Bloksyl en oaren. Der hat in synagoge west, mar dêr is neat mear fan te sjen as it tsjerkhôf dat efter de synagoge lei.

Men men hat yn dit doarp in tal tsjerken: De Herfoarme tsjerke, Grifformearde tsjerken, in Mennistetsjerke en in Kristlike Grifformearde tsjerke.

Oant 2001 wie Swartslús in selsstannige gemeente, it is doe mei Hasselt en Genemuiden opgien yn de gemeente Swartewetterlân.

Swartslús hat twa basisskoallen. De Wijngaard is in protestantsk-kristlike skoalle en De Aremberg jout iepenbier ûnderwiis. It Agnieten College foar fuortset ûnderwiis hat dêr ek in festiging.

Berne yn Swartslús

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Swartewetterlân
Stêden:
GenemuidenHasselt
Doarpen:
Kamperzeedijk-OostKamperzeedijk-WestSwartslús
Buorskippen:
AfschedBaarloCellemuidenDe VeldeGenneGenne-OverwatersHoltenKievitsnestMastenbroek (foar in part)Nieuwe WeteringRoebolligehoekStreukelSwartewetterskleaster
Wetter:
GalgenrakGootMolenstrengSwarte mar (foar in part)Swarte WetterVeneriete
· · Berjocht bewurkje