Springe nei ynhâld

Meppelerdjip

Ut Wikipedy
It Meppelerdjip

It Meppelerdjip (Nederlânsk: Meppelerdiep) is in kanaal dat rint fan Meppel oant Swartslûs, dêr't it útmûnet yn it Swarte Wetter. It kanaal is 11 kilometer lang en rint troch de Nederlânske provinsjes Drinte en Oerisel.

It Meppelerdjip foarmet de rin nei ûnderen fan trije rivierkes: Wold Aa, de Reest en de Beilerstroom en wie earst ek in natuerlike wetterwei, dat eartiids de Sethe neamd waard. De namme Sethe komt noch werom yn it Gemaal Zedemuden, dat wer neamd wie nei in ferdronken delsetting oan de mûning fan de Sethe.

It Meppelerdjip ferbynt tsjintwurdich de Drintske Haadfeart en de Hoogeveense Vaart mei de Iselmar en is wichtichfoar it wetterbehear yn Drinte.

Yn 1134 wurdt de Sethe foar it earst neamd. It Meppelerdjip is yn de rin fan de tiid stikmannich kear útgroeven. Yn 1664 waard der al mei úteinset, mar iuwenlang fielde net ien him ferantwurdlik foar it kanaal. Yn 1859 naam it Ryk by einbeslút it kanaal oer fan partikuliere eigeners, wêrnei't it djipper makke, ferbrede en rjochtlutsen waard. Dat wie ek nedich foar it turfstekken en wetterôffier. It Meppelerdjip waard in wichtige wetterwei foar it ferfieren fan turf, dat yn de fyftjinde oant en mei de njoggentjinde iuw in wichtige brânstof wie. Meppel en Swartslûs wiene doe wichtige trochfierhavens, dêrwei't de turf ferfierd waard nei Hollân. Troch it turfstekken krige it Meppelerdjip mear wetter te ferwurkjen, dat gauris ta wetteroerlêst late. Dêrom is yn 1974 it Gemaal Zedemuden njonken de Meppelerdjipslûs yn gebrûk naam.

Meppel is oer it Meppelerdjip te berikken foar skippen dy't maksimaal 110 x 12 x 3,25 meter (by NAP) mjitte. Foarby de Kaapbrêgen nimt de maksimale tastiene omfang ôf ta 90 x 11,50 x 2,75m by NAP (mei ûntheffing en ûnder spesjale betingsten: 100 x 10,50 x 2,50m). It Meppelerdjip is part fan it nasjonale haadfarwegenet en is gaadlikfoar skippen oant 3000 ton.

Oan it begjin fan it Meppelerdjip leit de stêd Swartslûs. In grutte skipswerf foar nijbou en reparaasje leit daliks njonken it Meppelerdjip. Dernjonken binne der noch ferskate jachtwerven en dêroan besibbe bedriuwen by de ouwers del en op yndustryterrein De Kranerweerd.

Yn Meppel giet it Meppelerdjip oer yn de Drintske Haadfeart en Hoogeveense Vaart. Oan de ouwers fan it Meppelerdjip lizze yndustryterreinen. In spesjaal nij wiet yndustryterrein Oevers D, mei dêryn de nije haven Sethehaven is te berikken fan skippen oant 2000 ton en biedt bedriuwskavels in eigen loskaai.

Utsein op- en oerslachbedriuwen binne der ek skipswerven fêstige yn Meppel. Foar de beropsfeart is der bygelyks skipswerf De Kaap en binne der ferskate werven foar plezierfeart, dy't benammen ornearre binne foar nijbou en reparaasje.

Der binne trije slûzen en ien gemaal yn it Meppelerdjip en dy binne allegear by Swartslûs:

  • Staphorsterslûs
  • Grutte Kolkslûs
  • Meppelerdjipslûs
  • Gemaal Zedemuden


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]