Swarte Wetter (rivier)
It Swarte Wetter is in 19 kilometer lange rivier yn de Nederlânse provinsje Oerisel. De oarsprong leit yn Swol, dêr't it ûntstiet út de Soestwetering en de Nije Wetering. De rivier mûnet yn de Swarte Mar út. It fanwege Baron van Dedem groeven kanaal de Dedemsfeart mûnet út yn it Swarte Wetter.
Rin fan it wetter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benoarden Swol mûnet de Oeriselske Fecht út yn it Swarte Wetter. It Swarte Wetter rint dêrnei de plakken Hasselt, Zwartsluis en Genemuiden by lâns en einiget yn de Swarte Mart dat wer oanslút op de Ketelmar en de Kadoelermar. It kanaal by Swol dat hjoeddedei it Swarte Wetter meit de Isel ferbynt, is it Swol-Iselkanaal.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De uterwaarden fan it Swarte Wetter binne it meast wichtige groeiplak fan de ljippeblom (Fritillaria meleagris) yn Nederlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme hat (nei alle gedachten) neat te meitsjen mei de kleur swart, mar mei swette dat grins betsjut. Yn âlde dokuminten hjit de rivier ek wol Ons Water of het water dat gaat naar de zee. It Swarte Wetter wie fan grut belang foar de ûntjouwing fan de Hânzestêd Swol. It wie de ferbining fan de stêd mei see en oare Hânzestêden. Op it plak fan it Rodetorenplein fan no, wie eartiids de havenkade mei in standertmole en in stedskraan.