Springe nei ynhâld

Cecilia Alberta Kloosterhuis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cecilia Kloosterhuis)

Cecilia Alberta Kloosterhuis (Willemsoord, 4 desimber 1909 - Stienwyk, 25 desimber 1979) wie in Nederlânsk yngenieur en skriuwster fan it standertwurk oer de koloanjes fan de Maatskippij fan Woldiedichheid.

Kloosterhuis waard berne yn Willemsoard, in eardere koloanje fan de Maatskippij fan Woldiedichheid. Sy wie in dochter fan de ûnderwizer en lettere accountant Henricus Jacobus Leo Kloosterhuis[1] en fan ûnderwizeres oan de legere skoalle fan Willemsoard Lina Mulders. Fan 1931 oant 1953 wie hja direktrise fan lânbouhúshâldskoallen yn Goor en Markelo. Dêrnei studearre se oan de doedestiidske Lânbouhegeskoalle Wageningen en helle yn 1959 it yngenieursdiploma yn de húshâldwittenskippen.[2] Kloosterhuis hat it standertwurk oer de frije koloanjen fan de Maatskippij fan Woldiedichheid skreaun: De bevolking van de vrije koloniën der Maatschappij van Weldadigheid. Om dat wurk foltôgje te kinnen beëinige se har beropsmjittich wurk yn Wageningen en yn Grins in 1971. Krekt foar har ferstjerren yn 1979 wie it wurk yn konsept dien, mar noch net yn druk ferskynd. It waard yn 1981 postúm útjûn.

Dêrneist hat Kloosterhuis it argyf fan de Maatschappij van Weldadigheid op 'e nij beoardere en tagonklik makke en it sadwaande mooglik makke om de wederwarichheden fan yndividuele kolonisten te folgjen. De fan har opstelde registers kinne rieplachte wurde yn it Museum De Koloniehof te Frederiksoard en yn it Drintsk Argyf te Assen.

Kloosterhuis stoar yn desimber 1979 yn de âldens fan 70 jier yn Stienwyk. Se waard beïerdige yn Westerbork, it berteplak fan har mem Lina Mulders. Yn Willemsoard waard de ir. C.A. Kloosterhuisstraat nei har ferneamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hy makke foar't er nei Willemsoard fefear in rige foto's fan it Grinslânske Kropswolde om 1900: Kropswolde door de lens van de meester
  2. Ljouwerter Krante d.d. 19 juny 1982