Springe nei ynhâld

Museum De Proefkolonie

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Museum De Koloniehof)
Museum De Proefkolonie
Museum De Koloniehof
  museum
Eardere entree fan it eardere museum de Koloniehof.
Eardere entree fan it eardere museum de Koloniehof.
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeenteFlagge fan Westerfjild Westerfjild
plakFrederiksoard
adresMajoor van Swietenlaan
koördinaten52° 50′ N, 6° 11′ E
Algemiene gegevens
typeKulteurhystoarysk
wurkmêdMaatskippij fan Woldiedichheid,
Koloanjes fan Woldiedichheid
oprjochting1993
Arsjitektuer
type gebouMuseum
boujier2019
Offisjele webside
proefkolonie.nl
Kaart
Museum De Proefkolonie (Drinte)
Museum De Proefkolonie
Lokaasje yn Drinte

Museum De Proefkolonie earder museum De Koloniehof is in museum yn Frederiksoord, in herinneringsmuseum oan it wurk fan de Maatskippij fan Woldiedichheid, dy't yn de earste helte fan de 19e iuw yn it ramt fan de earmoedebestriding meardere koloanjes yn it destiidske Feriene Keninkryk fan de Nederlannen stichte.

Kolonistewenning mei bou

It museum is yn 1993 oprjochte by gelegenheid fan it 175-jierrich bestean fan de Maatskippij fan Woldiedichheid. Yn it museum wurdt de skiednis fan it ûntstean fan de koloanjes yn Drinte en Oerisel en it libben fan de kolonisten toand. Nei de Frânske tiid wie Nederlân tige ferearme. De stichter fan de Maatskippij fan Woldiedichheid, Johannes van den Bosch, besocht de earmoede te bestriden troch op grutte skeal earme minsken út de stêd oer te bringen nei noch net ûntgûne gebieten yn ûnder mear Drinte en Oerisel. troch elke kolonist in wenning te bieden, in stik grûn fan 3 hektare en wat fee soenen se yn harren eigen libbensûnderhâld foarsjen kinne. Begûn waard yn 1818 mei in proefkoloanje yn Frederiksoord.

Middels in diafoarstelling, in permaninte tentoanstelling, lesmateriaal en in koloanjehúske op it museumterrein mei in byhearrende ikker wurdt it deistige bestean fan de kolonisten yn ûnder mear it Drintske Frederiksoord, Boschoord en Wilhelminaoord en it Oeriselske Willemsoard ynsichtlik makke. Op de ikker wurde de gewaaksen út de tiid fan de kolonisten ferboud, ûnder oare tarwe, rogge, hjouwer, garst, spelt, tabak en himp.

Besikers fan it museum kinne it kompjûterbestân ynsjen oft foarâlden kolonist west hawwe yn ien fan de koloanjes fan de Maatskippij fan Woldiedichheid.

Yn de omjouwng fan it museum herinnerje noch in soad bouwurken, wêrûnder ferskate yn takt bleaune kolonistewenningen, oan de ûntsteansskiednis fan de koloanjes fan Woldiedichheid.

Yn maaie 2019 iepene it museum op in nije lokaasje yn it doarp ûnder de namme Museum De Proefkolonie. It museum waard offisjeel iepene yn oktober datselde jier. De iepening fan it museum wie ûnderdiel foar de nominearring foar de status fan UNESCO Wrâlderfguod. Op 26 july 2021 waarden troch UNESCO de koloanjes beneamd ta wrâlderfgoed.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: