Woelwyk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Woelwyk of Woelwijck wie in bûtenpleats oan de Swarteweisein yn Tytsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Fan it hûs is neat werom te finen.

De âldste fermelding is fan 1756. Meidat it meardere kearen ferkocht is, is der mear fan bekend. Yn it begjin fan de 18e iuw is it hûs eigendom fan de famylje Glinstra. Yn 1887 waard in grêfstien ûntdutsen yn de tsjerke fan Tytsjerk mei dêrop "Yeske v. Glinstra, dochter van Hector v. Gl. op Woelwijck overl. 1743".

It is ek witten dat it hûs op 3 april 1756 ferkocht waard, krektas letter op 30 septimber 1772 en op 4 maaie 1773. Yn 1773 hie it hûs in allee fan linebeammen en hat dêrfoar bewenne west troch wilen doarwarder Adema. Yn de Frânske Tiid 1789 - 1811 waard it earst bewenne troch Albert Rinnerts van der Bij en dêrnei sûnt 6 febrewaris 1808 troch Servaas van den Berg. Servaas wie karmaster fan hynders en nei syn dea waard it hûs troch syn erfgenamten ferkocht op 15 augustus 1812.

It "bûten" Woelwyk stiet yntekene op in âlde kadasterkaart besuden it lângoed Vijversburg tusken Toutenburch en Hanenburch yn, mar dan oan de oare kant fan de wei, oan de westkant besuden de Bos fan Ypeij. It bûten moat ôfbrutsen wêze foar 1855, lykas de bûtens Hanenburch en Tsienkamp, om't it lân dêr't se op stien hawwe moatte yn dat jier eigendom fan de famylje Looxma-Ypeij wie, dy't op Vijversburg wenne.

Bewenners
  • 18e iuw famylje Glinstra
  • Hector van Glinstra
  • - 1743 Yeske v. Glinstra
  • 1772 - 1773 doarwarder Adema
  • - 1808 Albert Rinnerts van der Bij
  • 1808 - 1812 Servaas van den Berg
  • 1855 famylje Looxma-Ypeij

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • W. Eekhoff -Wandelingen van mijnen Oud-oom den Opzigter, door een gedeelte van Friesland, 1841,
  • Spahr en Ypma - Tietsjerksteradiel
  • G.A. Wumkes - Stads- en Dorpskroniek van Friesland
  • Goffe Jensma - Tot aandenken aan mijne moeder
  • Stinsen yn Fryslân