Hendrik Bulthuis Akwadukt
Appearance
It Hendrik Bulthuis Akwadukt is in akwadukt oan de súdwestkant fan Burgum yn de provinsje Fryslân. De Kromme Ie rint dêr oer de provinsjale wei 356. It akwadukt mei in lingte fan 70 meter wurdt beheard troch Rykswettersteat.
It akwadukt waard ferneamd nei hierknipper en skipsbouwer Hendrik Bulthuis (1892-1948) dy't yn Burgum berne waard.[1] De bou fan it akwadukt duorre fan 2014 oant yn 2016 en waard op 7 oktober 2016 offisjeel iepene.[2]
De Fryske keunstner Ids Willemsma hat in keunstwurk makke by it akwadukt, 'Earbetoan oan Hindrik Bulthuis', basearre op de troch Bulthuis ûntwurpen boaten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hendrik Bulthuis Akwadukt fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|