Earbetoan oan Hindrik Bulthuis

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Earbetoan oan Hindrik Bulthuis
keunstwurk
bysûnderheden
jier 1996
keunstner Ids Willemsma
materiaal stiel
plak Burgum
lokaasje Akwadukt Hindrik Bulthuis

'Earbetoan oan Hindrik Bulthuis' is in keunstwurk by Burgum dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.

Elke gemeente oan de Sintrale As krige by de oanlis in keunstwurk. Willemsma waard troch de gemeente Tytsjerksteradiel frege om mei te dwaan oan in ûntwerpwedstryd foar in keunstwurk, ynspirearre troch de BM'er fan Hendrik Bulthuis. Mei Sjerp de Vries yn Terherne) hie Ids Willemsma eartiids wurke oan it bouwen fan nije BM'ers.[1] It keunstwurk ferwiist nei de foarm fan de bekende BM'er sylboat dy’t ûntwurpen is troch de Burgumer kapper Hendrik Bulthuis. It 7 meter hege keunstwerk is troch de keunstner bedoeld as in earbetoan oan Bulthuis, dy’t ek de nammejouwer is fan it akwadukt dat ûnderdiel is fan de Sintrale As.

Ids Willemsma liet him ynspirearje troch it boppe-oansjen mar ek troch it sydoansicht fan de BM'er en de foarm fan it seil. Dy trije foarmen foege hy gear ta in abstrakt keunstwurk. De foarmen ha sawol yn de lingte as yn de breedte in wulving. It stilsteande byld liket te bewegen foar wa’t der lâns rydt of fart. ‘Dat is it Moiré-effekt’, neffens Willemsma. Krektas hat it byld de wyn yn de seilen. It keunstwurk is makke fan in rasterstruktuer fan cortenstiel. Dy legearing is ek brûkt yn de gruttere ûndertrochgongen fan de Sintrale As, wêrûnder it Hendrik Bulthuis Akwadukt.

De tradisjonele flesse sjampanje dy’t by in skipsdoop tsjin de boech stikken slein wurde, waard yn dit gefal ferfongen troch geitemolke. Alkohol heart net by in ferkearsdyk, en geitemolke paste goed by it duorsume karakter dat de gemeente Tytsjerksteradiel graach útstriele woe. Boppedat wie Willemsma gek op geitemolke. By de ûntbleating koene de oanwêzigen in gleske geitemolke nimme. [2] By de ûntbleating wiene neist de keunstner ek wethâlder Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel en Maaike Porte, pakesizzer fan Hendrik Bulthuis oanwêzich.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: