Sjerp de Vries

Ut Wikipedy

Sjerp de Vries (Terherne, 12 augustus 1925) is in jachtbouwer, siler en ûndernimmer út Terherne.

Ferhuze yn 1959 út Eagmaryp nei Terherne; itselde jier kaam er yn it bestjoer fan 'VVV Terhorne' en sylferiening 'Onder ons'. Kaam yn 1962 yn de wedstriidkommisje fan it skûtsjesilen by Terherne, de kommisje It Hearrenfean - Terherne; dat jier wie (heechstwierskynlik) de earste skûtsjewedstriid op de Snitser Mar ûnder lieding fan dizze kommisje. Nei in tal jierren folge De Vries Sander Krikke sr. op as lieder op it startskip, nei't der earst in tal jierren starten waard fan de pier ôf.
Yn 1985 as foarsitter fan de Sylried fan it skûtsjesilen (SKS) beneamd, mei Onno Zweep fan Snits en Rob Dommerholt fan De Lemmer as leden. Sylde eartiids mei de GWS-skouwen, letter mei de pream. Yn 1988 hat De Vries mei Ids Willemsma (eartiids ek wedstriidsiler mei in GWS-skou) elk in âlde pream sylklear makke. Hjir is hiel wat út fuort kaam. Sa rjochten se mei oaren út de omkriten fan Terherne op 4 april 1996 de stichting De Fryske Boerepream op. Yn 2005 waard syn pream "Nije Kimen" by de iepening fan de Snitswike útroppen ta 'Boat fan it Jier 2005'.

Nije Kimen

Boude yn syn libben hûnderten boaten, earst BM-ers, letter in eigen polyester ûntwerp dat er UFO neamde. It wie ommers in ûnbekend skip. It skip waard ferhierd troch it rekreaasjebedriuw mei syn namme yn Terherne. It silen learde er al jong by syn heit Jouke de Vries ( letter skipper op de Terhernster pream De Komelker ) dy't as komelker allinnich oer wetter by syn lân komme koe. Alles moast mei de pream en de skou oer it wetter helle en brocht wurde. As der wyn stie koe der in seil by setten wurde, oars moast der boomke wurde. Doe't er in jier of tsien by de gersdrûgerij yn Eagmaryp wurke hie koe er it bedriuw fan syn heit en fan syn skoanheit oernimme. Mar omdat de ien komelker wie mei wat lytsfee en de oare dongskipper socht De Vries wat oars.

Doe't der begjin sechtiger jierren in stik lân opspuite waard ûntstie der in strantsje en De Vries besleat in tal boaten te ferhieren omdat er brea seach yn de rekreaasje. Doe't er yn it besit kaam fan in tal boutekeningen besleat er sels in BM-er te bouwen. De BM-er makke er sels yn it bargehok, syn frou Geartsje ferhierde wyls de boaten.

UFO[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ufo's by de Handicap Trophy

Yn de santiger jierren learde er polyester boaten te bouwen, sadat er fan in soad ûnderhâld ôf wie. De boat moast wat mear romte hawwe as in BM, wat mear komfort en minder buiswetter. De UFO wie ommers bedoeld foar toersilers en hierders. Dêrom kaam in bynrif yn it grutseil en in stoarmfok. De boom koe oan in staach op it efterskip fêstmakke wurde, en oer de kúp koe in polyester deksel dien wurde tsjin it ynreinen. De mallen, makke nei eigen ûntwerp, hied er yn it hok stean. Mei ien wurknimmer boude er mei-elkoar 180 UFO's. It earste jier 5, dêrnei 18 en der wie in winter by dat er wol 30 UFO's makke. It stabile skip mei in lingte fan 6,10 meter wie selsrjochtsjend en waard as famyljeboat presintearre op de Recreana foar f 8120,-. De 16 m²-en (B.M.-ers) fan De Vries hienen in stjer yn 't seil; de boaten hienen nammen fan stjerren en planeten. As seilteken waard in stjer keazen omdat Sjerp de Vries grutte ynteresse hie yn astronomy en romtefeart. De UFO's hawwe it UFO-logo yn it seil. De UFO's fan de ferhierfloat hawwe gjin namme, mar in nûmer yn de boat. De UFO's dy't ferkocht waarden, krigen wol in nûmer yn it seil, fan nûmer 500 ôf.

UFO-gegevens
  • lingte 6,10 m, op de wetterline 5,50 m.
  • breedte: 2 m.
  • djipgong 0,80 m.
  • kylballêst 160 kg.
  • seiloerflak 11 m² (toertúch), fok 5,50 m²

Yn 1983 koe Sjerp de Vries it bungalowpark oan it Kupersfintsje keapje fan de gemeente en de Stichting Wetterrekreaasje. It wie it begjin fan in rekreaasjebedriuw. De UFO-klup wie in feriening fan UFO-eigeners.

Handicap Trophy

Yn 1983 waard by Terherne mei 30 UFO's syld om de Handicap Trophy. Skippers en by elke UFO ien lid fan de bemanning wiene (sjoch foto) minsken mei in beheining dy't nei ôfrin in tegeltsje as oantinken meikrigen. Yn eltse UFO moast - foar de feiligens - ek in bemanningslid meisile dy't gjin beheining hie.
Neidat syn dochter Leentsje it bedriuw oernommen en fuortsetten hie, waard it bedriuw úteinlik yn 2008 ferkocht. De UFO-mallen en it deponearre hannelsmerk gienen oer nei in nije eigner.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Argyf Ljouwerter Krante 13 augustus 2005