GWS-skou
In GWS-skou is in sylskou fan de feriening Grouster Wetter Sport (GWS). Troch de lizzing en karakter wie Grou it “doarp fan de skouwen". Grou wie destiids in "arsjipeldoarp”, in doarp dat út in soad eilantsjes bestie en nimen eins sûnder in skou koe. Troch de foarm fan it spriettúch ûnderskiedet de klasse him fan oare skippen.
Nei 1900 waarden de houten skouwen ferfongen troch izeren. Krektas de skûtsjes waarden se ynearsten klonken. Hjirfan binne mar in ear skouwen bewarre bleaun, de skouwen waarden hieltiten mear laske sadat ek de spanten út de skouwen ferdwûnen. Der binne yn de rin fan de jierren hûnderten boud en om 1938 is op inisjatyf fan de GWS in ferieningsklasse fan izeren sylskouwen ûntstien. Se hâlden ûnderlinge wedstriden en geandewei ûntstienen der klassefoarskriften:
- de romp moast fan 3 mm dik plaatizer
- lingte 5 meter oer de spegels
- sprietseil + fok hawwe in oerflak fan 11 m²
- boeisels, swurden en it roer binne fan hout
- Yn it seil stiet allinnich in nûmer en gjin seilteken
Yn 2010 binne der sa'n 85 GWS-wedstrydskouwen by de feriening registrearre. In GWS-skou is as platboaiem maklik te silen. Yn 1979 kaam der in boutekening mei gegevens en klassefoarskriften. De mjitters fan de feriening jouwe by goedkarring in registraasjebewiis ôf. De jierliks kampioenskippen yn septimber by Grou mei gemiddeld 20-30 skouwen foarmje de ôfsluting fan it sylseizoen.
Yn 1988 wie it fytich jier lyn dat Vereniging Grouwster Watersport GWS foar it earst skouwen ûnder klassefoarskriften en mei seilnûmers sile liet. Hjirby ferskynde it jubileumboek “Fan sutelskou nei sylskou”. De GWS hat letter in nije klassetekening fan de GWS-skou presintearre wêrby't alle ûnderdielen fan de skou yn byld brocht wurde. Sa kinne stielen ûnderdielen digitaal snien wurde troch laskers-metaalbewurkers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |