Springe nei ynhâld

Recreana

Ut Wikipedy

De Recreana wie in rekreaasjetentoanstelling dy 't fan 1966 oant 1980 jierliks yn april hâlden waard yn de Fryslânhal te Ljouwert.

Yn 1966 wienen der 42 standhâlders en 15.000 besikers. Yn 1975 270 standhâlders ( 1974: ± 200 ) op 40.000 m². By de Recreana organisearren de Hydronauten de saneamde Recreanaloop lâns de Rûnwei fan Ljouwert en waarden der rûnflechten hâlden. Yn 1975 wienen der mear as 100.000 besikers.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: