Jan van der Kooi

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Selsportret as tiger, 2011
Atelierraam yn maaie (2009)
Jan van der Kooi 542.jpg

Jan van der Kooi (Grins, 16 jannewaris 1957) is in Frysk figuratyf skilder en tekener út Burgum. Troch reizen nei Itaalje en oare lannen docht er in soad ynspiraasje op. Guonts beskôgje him as ien fan de bêste, libjende Nederlânske keunstners.[1][2][3][4][5]

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Kooi waard grutbrocht yn Bedum. Nei de middelbere skoalle sette er yn 1975 út ein mei in learareoplieding oan Ubbo Emmius yn Ljouwert. Dêrnei studearre er oan de Akademy Minerva yn Grins.

De earste wurken fan Van der Kooi wurde wol ta it 'Noardlik realisme' rekkene. As er in nij, ljochter atelier krijt feroaret syn styl ek. Neist de bekende formele komposysjes makket Van der Kooi nei mids jierren tachtich hieltiten faker skilderijen dêr't de foarwerpen minder sintraal steane. Romte en ljocht binne wichtiger as de foarwerpen sels. Hy skilderet letter folle losser en ympresjonistysker. It oerflak fan syn wurken is sichtber bekrast, skuorre en bespatten. De eardere fynskilder brûkt no ek plamuermes en skuormasines. Hy makke letter namme troch syn "flierstillibbens": dampende kopkes kofje fan boppe-ôf besjoen wylst it ljocht fan de glêzen op de flier reflektearret. Ek skildert er kuorkes mei piipkrûd en gleskes wetter op syn flier dy't oerspield wurdt troch sinneljocht. Syn skilderijen binne yn te dielen yn lânskippen, stillibbens en (sels)portretten. Yn syn tekenwurk komme boppedat faak bisten en neakens foar. Mei in pear halen wit er it karakter fan bist en minske oan te jaan.

By it grutte publyk waard Jan bekend troch syn optreden yn it NOS-sjoernaal. Letter ek nochris yn it bernetelefyzjeprogramma Het Klokhuis en in petear mei him yn it VPRO-programma De Avonden. In tige grut publyk berikte Van der Kooi ek mei syn tiger- en liuwetekeningen. Syn stúdzje en ûndersyk nei dizze bisten, ynklusyf it snijen yn kadavers oan de universiteit fan Utert en it fysyk yn de koaien tusken de bisten stean te tekenjen liede yn 2008 noch wykliks ta emailtsjes en telefoantsjes.

Nei syn súksesfolle solo-eksposysje yn Museum De Bûtenpleats yn Eelde (2002) luts Jan van der Kooi him werom yn de stilte en ôfsûndering fan syn atelier. Doe't er fyftich jier waard bea Museum De Bûtenpleats him opnij in solo-tentoanstelling oan. Yn 2008 kaam er yn it nijs doe't syn skilderij 'Simmer 2006' op transport nei Súd-Frankryk samar ferdwûn wie.

Van der Kooi reiszget alle jierren nei it bûtenlân; hy besocht ûnder oare Nepal, Perû en it Midden-Easten.[6] Dêrneist giet er geregeldwei nei Toskane en Feneetsje om dêr it sinneljocht te bestudearjen en fêst te lizzen.[7]

Neijier 2012 hongen affysjes mei wurk fan Van der Kooi op treinstasjons yn Nederlân as reklame foar de oersjochtstentoanstelling "Leonardo's leerling" yn it Doartsk Museum.

Utstallings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarstúdzje Lily of the Valley
Sneeuwtuin, 2015
  • 2002 Oersichtstentoanstelling yn Museum De Buitenplaats yn Eelde. By dy gelegenheid waard ek it boek "Jan van der Kooi, schilder, tekenaar" presintearre.[8]
  • 2005 Eksposysje by Laurentius yn Middelburch. Presintaasje bistesketsboek "Bestiarium".[9]
  • 2007 Londen: The Royal Society of Portrait Painters.[10] & Oersichtstentoanstelling yn Museum De Buitenplaats yn Eelde.
  • 2012 Eksposysje "Leonardo’s leerling" yn it Doardsk Museum. Teffens waard doe it boek "Jan van der Kooi, tekenaar / schilder" presintearre.[13][14][15][16][17] Yn it ramt fa dy útstalling binne affysjes fan tigertekeningen op grutte treinstasjons yn Nederlân ophong.
  • 2017 Dûbeleksposysje "Meisterzeichner - Weltentdecker" (Mastertekener - wrâldreizger) yn Rheine, Dútslân.[21][22]
  • 2019 "Das Wesen der Landschaft", útstalling yn Museum Draiflessen, Mettingen.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Over het werk van Jan van der Kooi, Frits Duparc, yn Jan van der Kooi, schilder tekenaar, ISBN 978-90-6868-608-1
  2. Expositie Jan van der Kooi 'Leonardo's Leerling' in Dordrechts Museum Dordrecht TV, 13 novimber 2012
  3. Jan van der Kooi Friesch Dagblad, novimber 2012
  4. Jan van der Kooi exposeert in Franeker Drachtster Krante, 26 juny 2013
  5. Een goedemorgen met Jan van der Kooi NPO Radio 4, 10 jannewaris 2015
  6. Actief, 23 desimber 2015.
  7. Het licht van Italië Ljouwerter Krante 29 juny 2013
  8. Van der Kooi laat zich op reis overrompelen NRC Handelsblad 16 desimber 2002
  9. Een schetsboek vol dieren van Jan van der Kooi Ljouwerter Krante 22 july 2005
  10. Engelsen ontdekken schilder Jan van der Kooi Ljouwerter Krante 5 febrewaris 2007
  11. Noordelijke realisten naar Antwerpen Ljouwerter Krante 9 septimber 2009
  12. Friese kunst in Antwerpen Friesch Dagblad 3 oktober 2009
  13. Expositie van dierentekenaar Jan van de Kooi in het Dordrechts Museum RTV Rijnmond 9 novimber 2012
  14. Expositie Jan van der Kooi 'Leonardo's Leerling' in Dordrechts Museum RTV Dordrecht 13 novimber 2012
  15. Jan van der Kooi Omrop Fryslan 14 novimber 2012
  16. Leven naar Da Vinci's wetten Trouw 29 novimber 2012
  17. Jan van der Kooi, Meestertekenaar Reportaazje makke fan Frank Peters foar it Doardsk Museum
  18. Het licht van Italië Ljouwerter Krante 29 juny 2013
  19. Een Fries in Italië Ljouwerter Krante 5 july 2013
  20. Zonlicht tijdens donkere dagen Goudse Post 17 desimber 2014
  21. Van der Kooi Ausstellung gilt als Leuchtturmprojekt MV 30 maart 2017
  22. “Een vernieuwer ben ik niet, ik wil mooi werk maken” Actief 22 maart 2017
  23. Jan van der Kooi - tekenaar / schilder