Frije Evangelyske Tsjerke (Burgum)
Frije Evangelyske Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Burgum | |
adres | Prinses Beatrixstrjitte 18 | |
koördinaten | 53° 11' N 5° 59' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Frije Evangelyske Gemeenten | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1960 | |
Webside | ||
www.vegburgum.nl | ||
Kaart | ||
De Frije Evangelyske Tsjerke oan 'e Prinses Beatrixstrjitte is it tsjerkegebou fan 'e Frije Evangelyske Gemeente yn Burgum. De gemeente makket diel út fan it bûn fan Frije Evangelyske Gemeenten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn ferbân mei in skeel stapten yn 'e jierren 1930 in tal leden út de Herfoarme tsjerke en stiften doe de Frije Evangelyske Gemeente. Nei't de jonge gemeente in pear jier in provisoarysk ûnderkommen yn in garaazje brûkt hie, kocht se yn 1938 in hûs yn 'e Skoalstrjitte oan, dat ynrjochte waarde as tsjerke, in lokaal foar oare gelegenheden en in wenning foar de koster.
Om't de boargerlike gemeente de tsjerke oan 'e Skoalstrjitte nedich hie foar útwreidingsplannen, krige de Frije Evangelyske Gemeente in stik grûn as kompinsaasje op it plak dêr't de tsjerke no stiet. Frijwilligers fan it tsjerkegenoatskip bouden sels in nije tsjerke mei plak foar 180 minsken. Yn febrewaris 1960 koe de tsjerke mei bygebouwen (in konsistoarje en in fergaderlokaal) oplevere wurde.
It piipoargel fan 'e tsjerke komt oarspronklik fan in Siuwske sustergemeente.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|