Swiere yndustry

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Heechovens by IJmuiden.

De swiere yndustry is dat diel fan 'e yndustry, dat de materialeprodusearjende sektor omfiemet. De oantsjutting 'swier' komt fan 'e grûnstoffen dy't yn 'e swiere yndustry swier en grut (en soms ek gefaarlik) binne. Yn dizze foarm fan 'e yndustry wurdt dus oars as yn 'e lichte yndustry gjin konsumpjeguod foar einbrûkers makke, mar produksjemiddels foar oare fabriken en saneamde healfabrikaten dy't dan nochris troch oare bedriuwen ferwurke wurde moatte.

De wichtichste subsektors fan 'e swiere yndustry binne de mynbou, de stielyndustry (heechovens), de masineyndustry en de petrogemyske yndustry (raffinaderijen). De swiere yndustry is tige kapitaalyntinsyf en meastal ek folle fersmoargjender as de lichte yndustry. Om't de easken dy't yn 'e swiere yndustry oan 'e wurknimmers steld wurde, heger binne, lizze ek de salarissen dêr heger as yn 'e lichte yndustry.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.