Donough MacCarthy

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Donough MacCarty")
Gean nei: navigaasje, sykje

Donough MacCarthy fjirde greve fan Clancarty (Blarney (greefskip Cork), 1668 - Hamboarch-St. Pauli, 1 oktober 1734) wie in ferballe Ierske ealman dy't him deljoech yn Aldwâld, Blankenese en op it eilân Rottum.

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Donough MacCarthy wie de soan fan Callaghan MacCarthy tredde greve fan Clancarty en Elizabeth Fitzgerald Elizabeth, dochter fan George FitzGerald 16e greve fan Kildare. Doe't Donough 8 jier âld wie ferstoar, op 21 novimber 1676, syn heit en waard Donough de fjirde greve fan Clancarty. Hy krige lykwols yn Ingelân in protestantske opfieding fan de biskop fan Canterbury, en boaske op 13 desimber 1684 mei Elizabeth Spencer.

Jakobus en Willem[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Jakobus II fan Ingelân yn 1685 kening waard gong Clancarty werom nei Ierlân. Jakobus kaam yn 1689 yn Ierlân oan, yn it skeel tusken Jakobus en Willem, en wie doe gast by MacCarthy. Dounough wie ek befelhawwer by de kening syn kavalery, en dêrtroch waard er dat jier finzen naam troch it leger fan de hartoch fan Marlborough en nei de Toer fan Londen brocht. Yn 1691 waard him syn titel ûntnommen, mar oars wie it Ferdrach fan Limmerik op him skynber net tapast, want earst yn 1694 koe er ûntkomme nei Frankryk, dêr't er it befel krige oer de wacht fan kening Jakobus. Nei it Ferdrach fan Rijswyk yn 1697 gong MacCarthy werom nei Ingelân om te besykjen wat fan syn besittings werom te krijen, mar hy waard daalks oanholden en werombrocht nei de Toer fan Londen. Nei in petysje oan kening Willem waard er yn maaie 1698 ferband. Op it betingst dat er nea werom komme soe nei Ingelân, krige er in jierjild fan 300 Ingelsk pûn. Dit wie in grut ferskil mei it jierjild fan mear as 100.000 pûn dat de besittings fan de famylje MacCarthy opbrochten.

Aldwâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

MacCarthy festige him - nei in koart ferbliuw op in eilân by Altona en yn Lübeck - yn 1698 yn Aldwâld. Hy naam nei alle gedachten it doe al besteande hûs oan it Sint Pitersgat oer fan Archibald greve fan Argyle dy't yn 1685 út Ingelân weiflechte wie. It gedrach fan in Ingelsk ealman dy't syn fermidden en syn jild kwyt wie, wie foar de doarpelingen skynber allemachtich núver, en hy krige de bynamme "de mâle greve". Hy wenne oant 1707 yn it hûs, en wie yn alle gefallen yn 1722 noch de eigner. It hûs stiet der hieltiid noch, en hiet nei de greve de "Mallegraafsboarch". It wiel hjit nei him it "Mâlegraafsgat" of de "Mâlegraafsmar". En wat tichter nei Aldwâld ta, is der de "Mâle Grevesbrêge".

Blankenese[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

MacCarthy wenne net hiel it jier yn Nederlân, hy hie sûnt 1702 of 1703 in pleatske yn Ottensen by Hamboarch-Altona (Dútslân), dat hy al fluch ynruile foar in lytse kroech oan de igge fan de Elbe by it fiskerdoarp Blankenese. Mûglik is dêr yn 1704 syn frou ferstoarn. Tegearre krigen se trije bêrn, in soan Robert, in dochter Charlotte en in soan Justin.

Rottum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 23 desimber 1706 koft MacCarthy it eilân Rottum, foar 3.000 gûne; nei alle gedachten ferfear er yn 1707 nei it eilân. Der waard in each hâlden op wat er dêr die, ûnder oaren om't der yn datselde jier in Hollânsk frachtskip dat op it sân siet, fan de lading beroofd waard. Yn 1715 waard er sels oanholden, en waard oer gâns it eilân socht, mar der waard neat fûn dat op rôf tsjutte. In oar probleem wie it minne ûnderhâld troch de greve. By de Krystfloed fan 1717 moast er sels de wyk sette nei Warffum om't it net mear betroud wie op it eilân. Yn 1729 wenne er op Elmersmaboarch yn Heechtsjerk.

Alde dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1731 die er it eilân oer oan Piter Pivé, keapman yn Dokkum en ferfear er definityf nei Dútslân. Yn 1733 kocht hy de jachtgerjochtigheid yn de krite fan Pinneberg. Hy stoar op 1 oktober 1734 op Prahlenhof ûnder de reek fan Hamboarch-St. Pauli. Hy liet skulden nei en it hûs in Blankenese waard yn in eksekúsjeboelguod verkoft. Dêrby waard oanjûn dat syn titel earder hersteld wurden wie, en dat syn soan Robert de fiifde greve van Clancarty waard. Mear liket der oer dat herstel lykwols net bekend te wêzen.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reinder H. Postma út Aldwâld hat in bulte ynfomaasje oer de greve garre en hat der oer publisearre. Dat boek is op 16 juny 2008 útrikt oan dr. Oebele Vries fan de Ryksuniversiteit Grins en oan dhr. Bearn Bilker, boargemaster fan Kollumerlân, c.a. It boek is te krijen by de auteur. It boek hjit fan: Donough McCarthy, 4th earl of Clancarty.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • James Jay Carafano, ‘Maccarthy, Donough, styled fourth earl of Clancarty (1668–1734)', yn: Oxford Dictionary of National Biography (2004)
  • J.P. Kenyon, Robert Spencer, Earl of Sunderland 1641-1702, Londen: Longmans, Green and co. 1958.
  • Richard Ehrenberg, Aus der Vorzeit von Blankenese und den benachbarten Ortschaften Wedel, Dockenhuden, Nienstedten und Flottbek, Hamboarch 1897, s. 86-89.
  • Thomas Babington Macaulay, http://www.gutenberg.org/files/2614/2614-h/2614-h.htm#link2HCH0001[The History of England from the Accession of James the Second], Londen 1848, dl. 5.
  • Reinder H. Postma, Donough McCarthy, 4th earl of Clancarty, Aldwâld 2008, 2e dr. 2014.
  • Iven Kruse, Schwarzbrotesser: Erzählungen - Betrachtungen - Gedichte, Nordenstedt 2014, s. 167-169 (literêr, oarspronklik 1900)
  • C.P.L. Rutgers, 'De "malle graaf" van Rottum', yn: Groningse Volksalmanak (1903), s. 188-215.
  • Mary Imlay Taylor, My Lady Clancarty; being the true story of the Earl of Clancarty and Lady Elizabeth Spencer, Boston 1905 (roman)
  • Samuel Trant & Terence Francis McCarthy, The MacCarthys of Munster, 1922: The Dundalgan Press, Dundalk, Co. Louth, Ierlân.