Springe nei ynhâld

Oerlis:Donough MacCarthy

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Neffens the peer page hat Donough twa bern, dus ik haw it earst mar wer werom set, is der in boarne dat er trije bern hân hat? Theun 25 jul 2007, 20.59 (CEST)[beäntwurdzje]

Meidogger Theun, ik haw it wer yn trije feroare omt ik der absolút wis fan bin, ik haw 20 jier ûndersyk dien nei de greve en haw hjir in bulte oan boarnen thús, yn de measte fan dy boarnen wurdt de soan Justin ek neamd. The peerage is dus net folslein. Fierders is Lady Clancarty NET yn Altona stoarn, mooglik yn Kopenhagen.

fierders is ien fan de konkluzjes fan myn ûndersyk dat de greve hielendal net mâl wie. dizze namme is ûntstien troch de mjitte dy't lettere skriuwers en minsken om him hinne op him lein hawwe, harren eigen "gewoane gedrach" wie dêrby noarm en dus fûnen se de man mar mâl. it seit dus benammen wat oer de persoanen dy't de kwalifikaasje betocht hawwe.

ik pleitsje der dan ek foar om net mear fan Mâle greve te sprekken mar fan de 4th earl of Clancarty.

fieders soe ik yn de tekst de nammen oarspronklik litte - dus de Tower bliuwt de Tower omt it in begryp is ensfh. groetnis

Reinder H. Postma - Aldwâld

Hoi Reinder,
Is best dat jo it wêr yn trije feroare hawwe en dêr de boarne by neamt hawwe, om misbegryp te foarkommen.
Ik nim oan dat jo it Mâlegraafsgat net in oare namme jaan wolle, dit is no de offisjeel festleine namme foar it Sint Pitersgat? De namme de Mâle greve is fansels ien fan de saken dy't minsken nijsgjirrich meitsje nei dit ferhaal.
Wat it oersetten fan nammen op de fryske wikipedy is it fansels hieltiten in saak fan smaak wêr't net maklik in dúdlike regel foar te meitsjen is. Bygelyks as staten fan de Feriene Steaten heart Noard Dakota hiel logysk, Nij York sil allinne mar betizing jaan. Wat de Tower oangiet, yn nederlân nimme de minsken hiel maklik in begryp út it ingelsk oer yn it nederlânsk. At we by de oare wikipediatalen sjogge dan fine wy bygelyks spaansk es:Torre de Londres en it fransk fr:Tour de Londres. Ik kin my dan yntinke dat de skriuwer fan dit stikje foar Toer fan Londen keazen hat. Theun 13 jan 2008, 15.16 (CET)[beäntwurdzje]
Hallo,
Wy sprekke fansels net fan "de Mâle Greve"; der stiet allinnich op de side dat er dy bynamme hie. Mar it soe faaks betizing jouwe om syn titel te brûken, om't er dy kwytrekke wie.
Kin de ferklearring foar de ûnbekendens fan dat tredde bern wêze dat it yn Fryslân of Dútslân berne is, doe't de greve syn titel kwyt wie en ferballe wie?
Mysha

Mallegraafsboarch

[boarne bewurkje]

It hûs stiet der hieltiid noch, en hiet nei de greve de "Mallegraafsboarch". Dat soe dan in hûs fan foar 1700 wêze moatte en dat stiet dêr perfoast net. Ik wit wol fan âlde wente oan it wiel, mar dy liket my fan úterlik om 1800 hinne. Drewes (oerlis) 24 des 2015, 16.51 (CET)[beäntwurdzje]