Springe nei ynhâld

Jacob Nieweg

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jakob Nieweg)
Jakob Nieweg; portret fan Just Havelaar, 1913

Jacob Nieweg, letter ek Jaap Nieweg (Hegebeintum, 26 maaie 1877 - Amersfoart, 4 augustus 1955) wie in dûmny dy't nei 1914 keunstskilder waard.

As âldste fan fjouwer bern folge hy earst de famyljetradysje en waard dûmny. Mei op oanrieden fan de bekende keunstpedagooch H.P. Bremmer út Grins wijde er him hielendal oan de keunst. Om 1914 jout Nieweg it predikantwêzen yn Winsum en letter Bellingweer oer.

It sfearfolle realisme fan syn skilderijen is in utering fan de weromkommend omtinken foar de waarnimbere wurklikheid dy't yn de twadde helte fan de jierren ’20 yn de Nederlânske byldzjende keunst opkaam. Underwerpen binne lânskippen, stillibbens en blommen.

Jacob Nieweg wie lid en oprjochter fan De Brug, bestjoerslid fan it Amersfoorts Kunstenaars Genootschap (AKG) en bestjoerslid fan de Vereniging Vrije Kunstenaars. Elisabeth Catharina Bergsma wie in learlinge fan him.

  • Boer; Jantien de [et al.] Het wonder van de werkelijkheid: Jakob Nieweg 1877-1955, Grins, 2007
  • Heij, Jan Jaap Vernieuwing & bezinning: Nederlandse beeldende kunst en kunstnijverheid ca. 1885-1935, Swol/Assen, 2004
  • Linde-Beins, Renske van der [et al.] Jakob Nieweg: in stille bewondering, Museum Flehite, Amersfoart, 2001
  • Nieweg, Jakob Frederick William Robertson, proefskrift Grins, 1905

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H.G. Cannegieter, "karakterschets Jacob Nieweg", Morks Magazijn, Augustus 1923
  • M. Van der Schrieck, "Bij enkele schilderwerken van Dr. Jacob Nieweg", Maandblad voor Beeldende Kunsten 1932, pag. 372-377
  • Pieter Scheen 1969-1970, s. 109
  • Scheen 1981, s. 373, afb.nr. 860 (as: Nieweg, dr. Jakob ('Jaap');*)
  • Jacobs 2000, dl. 4, s. 440-441 (as: Nieweg, Jacobs (Jaap))
  • J.J. Heij, Vernieuwing en bezinning. Nederlandse beeldende kunst en kunstnijverheid ca.1885-1935 uit de collectie van het Drents Museum, Drintsk Museum, Assen, Swol 2004, s. 176-178
  • Dokumintaasje RKD 59570