Hegebeintumermûne
Appearance
Hegebeintumermûne | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn 2012 | ||
lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Hegebeintum | |
adres | Mieddyk 6 | |
koördinaten | 53° 21' N 5° 54' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 15,35 meter | |
boujier | 1860 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Monumintebeh. NE-Fryslân | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38709 | |
Webside | ||
Stifting De Fryske Mole | ||
Kaart | ||
De Hegebeintumermûne is in poldermûne besuden it doarp Hegebeintum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hegebeintumermûne is in mealreeë muonts, dy't yn 1860 foar de bemealling fan de polder Hegebeintum boud waard.
De mûne hold it opfallend lang fol en bleau oant 1969 yn it wurk. Om't der doe gjin mûnder mear beskikber wie, waard besluten ta meganyske bemealling.
De mûne waard yn 1976 eigendom fan de Stichting De Fryske Mole, dy't him in jier letter restaurearje liet. Yn 2006 wiisde it Wetterskip Fryslân de Hegebeintumermûne oan as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hegebeintumermûne hat in flecht fan 15,35 meter en de wjukken binne âldhollânsk ophekke. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|